Weststellingwerf wol Oekraynske flechtlingen opfange yn twaddehânsk caravans

De gemeente Weststellingwerf is fan doel om Oekraynske flechtlingen op te fangen yn twaddehânsk caravans by sporthal De Steense yn Wolvegea. De gemeente ferwachtet de earste flechtlingen moandei te ûntfangen.
Rige caravans © Lourens Looijenga
Fyftjin caravans makket de gemeente Weststellingwerf no klear foar gebrûk. Moandei soene de earste Oekraynske flechtlingen komme moatte. Se hawwe keazen foar caravans om't der gjin oare geskikte opfangplakken fûn binne foar Oekraynske flechtlingen yn de gemeente.
"We hebben ze 'via google' gevonden", seit ambtenaar Regina Ponne. Der moast gau wat regele wurde en der ûntbrekt hjir en dêr dan ek noch wol wat oan de caravans. Sa moatte der bygelyks noch slotten regele wurde.

Strategysk plak

It plak by de sporthal is strategysk keazen; om't de minsken út feilichheidsoerwagings gjin gasflesse hawwe meie, wurdt der yn de sporthal foar iten soarge of der wurdt in plak makke om sels iten te sieden. Ek dûsen, waskmasines en in moetingsrûmte binne al oanwêzich by de sporthal. "De caravans zijn niet meer dan een slaapplek", seit Ponne.
Oer it krekte oantal flechtlingen is in protte ûnwissigens: "We hebben geen idee wat we binnenkrijgen." Mooglik komme der moandei 30 flechtlingen nei Wolvegea mar oft der bygelyks ek gesinnen tusken sitte, is net bekend. De gemeente hat dêrom ek al skoallen, hûsdokters en apoteken ynseind, mar oft dy nedich binne, is net dúdlik.
De buert om de sporthal hinne is al op 'e hichte steld yn in ynringearkomst. Ponne is rekke troch de belutsenheid fan de bewenners: "Er werden direct allemaal spullen gebracht." Bêdeguod en ljochten binne al binnenhelle en der komme noch nije matrassen.
De gemeente oerleit noch mei de GGD en brânwacht oer de krekte opstelling fan de caravans, dy meie net te ticht op inoar stean.
Sjoch hjirûnder hoefolle flechtlingen yn dyn gemeente opfongen wurde: