Plysje is mear as feest- of protestfersteurder: "Ik hoopje dat men sjocht dat wy gjin robots binne"
By de plysje nimt de wurkdruk ta en it respekt foar de aginten ôf. Yn it programma 'Fan binnenút' folget Omrop Fryslân de kommende wiken de plysje yn Súdwest-Fryslân yn harren wurk. Presintator Miranda Werkman en plysjeman Reinoud fertelle hoe't sy de opnamen belibbe ha.
Hoe is de searje ûntstien?
Miranda: "Meirinne by de plysje stie altiten al op myn list. Tafallich seach plysje-agint Reinoud myn searje 'Fan binnenút' by de GGZ en tocht dat it moai wêze soe ek ris by de plysje efter de skermen te sjen.
Dêrfoar moasten wy wol in kontrakt en geheimhâlding tekenje en it Iepenbier Ministearje moast akkoart jaan. Je hearre en sjogge fansels fan alles foarbykommen dat privacygefoelich is."
Wêrom woesto hjir sa graach oan meidwaan Reinoud?
Reinoud: "Ik mei graach fertelle oer myn wurk en it ek sjen litte. Hjirfoar wie ik twa jier digitaal wykagint, dus ferantwurdlik foar de sosjale media en de ôfdieling Publyk. Dêrfoar makken wy sels wol filmkes oer ús wurk. Ik doch it om't ik hiel grutsk bin op it wurk dat ik doch. Eltse dei is sa ûnfoarsisber, je witte nea wêr't je hinne geane, dêrtroch sit der ek wol in stik animaasje yn."
Wêrom hawwe jimme keazen om yn Snits en omkriten op paad te gean?
Miranda: "Reinoud wurket yn Snits en boppedat is Súdwest-Fryslân it grutste wurkgebiet fan Nederlân."
Reinoud: "En it is in hiel fariearre wurkomjouwing, it hat stêd en plattelân, in soad toerisme mar ek wetter. Der is dus in soad ôfwikseling. De plysje moat hjir somtiden hiel wat kilometers ôflizze."
Fragmint 'Fan binnenút, op paad mei de plysje'
Hoe kaamst thús nei de earste opnamedei Miranda?
Miranda: "De earste tsjinst dy't wy meirûnen wie lyk in drokke. Op Keningsdei gienen wy mei op in needtsjinst fan fjouwer oere middeis oant twa oere yn 'e nacht. Dat is hiel ûnfoarsisber, je kinne oan de kofje sitte of it smoardrok hawwe. Wy hiene in soad meldings. Fan ynbraken oant fjochtpartijen oant betize minsken. Dat fyn ik fassinearjend. Dan sitte je hiel heech yn de adrenaline en dat moatte je dêrnei wer loslitte kinne."
En slagget dat dan?
Miranda: "Ik hie tocht dat it my mear oangripe soe, mar op dat stuit sitte je yn je rol as makker en hawwe je de fokus. Thús komt alles wat je meimakke hawwe pas binnen. Ik koe nei de earste tsjinst ek net lyk sliepe."
It giet my der foaral om de minske efter de plysje-agint sjen te litten, dat betsjut faak ek dat der in soad humor oan te pas komt.
De searje hat wol wat fuotten yn de ierde hân, jimme hawwe as plysje fansels ek te krijen mei saken as privacy, wêrom hat de plysje dochs ja sein?
Reinoud: "Der binne fansels ek bêst wol wat foaroardielen oer de plysje. As plysje lizze wy as plysje ûnder in fergrutglês en minsken meie ús optreden altyd kritysk besjen. Mei sa'n searje kinst sjen litte dat it wurk ek hiel oars wêze kin. Wy diele net allinnich mar bekeuringen út. Der binne in hiel soad oare saken dêr't wy folle mear mei dwaande binne."
Watfoar oare dingen binne dat dan?
Reinoud: "Myn kollega Kagor is wykagint yn Snits en hat in belangrike rol om't minsken him kenne en him opsykje as der wat spilet. Sa'n rol kin ek hiel sosjaal wêze. Kollega Marianne is koördinator 'Jeugd en gezin', dy hat in protte te dwaan mei probleemjongerein en hoe't wy dy as plysje berikke kinne."
Wolle jim dan ek om mear oandacht foar dy kanten fan it wurk krije en dus mear begryp?
Reinoud: "It kin miskien wol in moai effekt wêze, ik hoopje dat de searje dat teweibringe kin. Ik kin my foarstelle dat minsken it net noflik fine ús te sjen om't wy faak wat fersteuren komme, in feestje of in protest bygelyks.
Dat fine wy ek net altiten noflik, dat dy ûnfrede tsjinoer de autoriteiten tanimt. Nettsjinsteande dat der ek by ús begryp is foar de minsken dy't demonstrearje, moatte wy wol de iepenbiere oarder hanthavenje, dat makket ús net altiten populêr."
Skeakelje is op sa'n momint in toverwurd, dat kin de ien better as de oar, mar je moatte wol.
Wat wie foar jimme it yndrukwekkendste momint?
Miranda: "Dat wie by de reanimaasje fan in frou dy't net slagge. Ik sjoch op dat stuit wat it docht mei plysje-agint Kagor en wit dat der in bern sûnder mem fierder moat. Dat bliuwt wol efkes by. Alle kearen as ik der delryd, tink ik deroan."
Reinoud: "Yn de searje sjochst ek dat wy op it iene momint by in boereprotest steane en efkes letter by dy reanimaasje binne. Skeakelje is op sa'n momint in toverwurd, dat kin de ien better as de oar, mar je moatte wol."
Mei watfoar tarieding stapst as makker yn sa'n plysje-auto?
Miranda: "Wy binne wol taret, mar hawwe fansels gjin plysje-oplieding hân. Sa no en dan nimme wy dêrom in stapke werom as dat nedich is, foar de feiligens of dat we bygelyks in hiel slim ûngelok net hoege te sjen. Ik wol foaral de minske efter de plysje-agint sjen litte, dat betsjut ek seker dat der humor yn it programma sit.
Sa'n tarieding is wol wichtich, der moat nammentlik in soad fertrouwen wêze binnen de auto. Wy as kameraploech moatte net yn de wei rinne en sy moatte ús dochs feilich mei hawwe kinne. Gelokkich wie der wol in hiel iepen sfear doe't wy ien kear mei koene, en hawwe wy it fertrouwen krigen alles filmje te kinnen."
Reinoud: "Al hiel gau fernimst net mear dat der in kamera by is en dochst gewoan dyn wurk sa as altyd."
Myn freondinne is jaloersk op dat ik mei safolle wille nei myn wurk gean. Ik fyn it nea slim dat de fakânsje klear is.
Wat binne no de bêste kanten fan it wurk?
Reinoud: "Ast saken hast dêr'tst rap it ferskil meitsje kinst. It betraapjen fan in ynbrekker of in reanimaasje dy't slagget. Dan stapst dêrnei tefreden yn de auto en joust inoar in boks. Der falt yn ús wurk ek seker wol wat te laitsjen, dat sjochst tink ik ek wol yn de searje, sa no en dan kinne wy wol wat de gek mei inoar hawwe.
De moaie kanten wage seker op tsjin de mindere kanten, myn freondinne is jaloersk op dat ik mei safolle wille nei myn wurk gean. Ik fyn it nea slim dat de fakânsje klear is."
Is troch dizze searje dyn byld fan de plysje feroare Miranda?
Miranda: "Ik tocht earst fan net, mar it is dochs wol sa. In soad minsken, en ik ek, assosjearje de plysje faak mei situaasjes fan geweld. Mar wat yn de searje in soad nei boppen komt, is it stik helpferliening. By in ynsidint mei oerlêst yn in flat yn Snits helpt it bygelyks as wykagint Kagor derby is. De oerlêstferoarsakers kenne him en sjogge him net sa bot as plysje-agint, mar as minske dy't wolris by harren op de kofje west hat."
Wat wolle jimme sjoggers fan de searje meijaan?
Miranda: "Dat it byld fan de plysje en de werklikheid ferskillend binne. Ek al bart der folle mear as dat wy sjen litte kinne, dit jout wol in byld fan dy werklikheid."
De searje 'Fan binnenút, op 'en paad mei de plysje' is fan snein 12 febrewaris ôf om 17.00 op it YouTubekanaal fan de Omrop te sjen. De searje komt op 6 maart op telefyzje, alle moandeis om 17.20 oere.