Plysje fynt mei drone en waarmtebyldkamera himpkwekerij: ien persoan oanholden

It waarmtebyld fan it gebou mei de himpkwekerij © Politie Sneek e.o.
In spesjaal droneteam fan de plysje hat yn de gemeente Súdwest-Fryslân in himpkwekerij oantroffen. De plysje kaam de kwekerij op it spoar troch de drone te foarsjen fan in waarmtebyldkamera.
In 38-jierrige man út Tiel is troch de plysje oanholden foar belutsenheid by de himpkwekerij.
By de plysje wienen al fermoedens dat op dizze lokaasje mooglik in kwekerij siet. Dêrom waard de assistinsje fan it droneteam ynroppen. Op de bylden wie dúdlik in waarmteôfwiking te sjen.
Dêrop gienen de plysjes nei binnen. Dêr troffen se úteinlik 435 planten en 1.600 stekjes oan.
Plysjewurdfierder Thijs Damstra oer de opspoaring mei drones