Omrop Fryslân yn nije searje op ’en paad mei de plysje

As earste regionale omrop fan Noard-Nederlân folget Omrop Fryslân de kommende wiken de plysje yn harren wurk. Yn it programma Fan binnenút op 'en paad mei de plysje rint presintatrise Miranda Werkman mei de plysje yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en de Fryske Marren mei en bringt se yn byld hoe't it plysjewurk der echt oan ta giet.
It iene momint sitte se op it plysjeburo fan Snits gesellich oan in bakje kofje, it oare momint draaft elkenien it gebou út om't der in melding is fan in fjochtpartij yn Boalsert. Yn Fan binnenút op 'en paad mei de plysje krijt de sjogger fan minút oant minút in yndruk fan it wurk fan de plysje. Dêrnjonken komt ek de persoanlike kant fan de plysje-aginten foarby.
De druk nimt ta op de plysje. Dat jout neffens Cor Reijenga, teamsjef basisteam Snits, ek it belang fan de searje oan: "Dit is in geweldige wize om de sjogger mei te nimmen yn in part fan it wurk dat we alle dagen fersette. Aginten moatte faak yn in hiele koarte tiid skeakelje tusken ferskate situaasjes en ûnder druk besluten nimme. Dat freget net allinne ekspertize en ynlibbingsfermogen fan harren kant, mar ek trochsettingsfermogen en ferantwurdlikens. Dit is in moaie kâns om ynsjoch te krijen yn it mearsidige wurk. De makkers hawwe dat op in hiele yntegere wize, mei respekt foar alle belutsenen, yn byld brocht."
Plysjeminsken skeakelje fan tusken in heftige situaasje wêrby't in bern syn âlder ferliest, nei in lytse oanriding tsjin in pealtsje. Se binne altyd alert mar der is ek romte foar humor. As sjogger krijst it gefoel datst meirydst yn dy plysje-auto.
Fan binnenút op 'en paad mei de plysje is fan 6 maart ôf te sjen op telefyzje by Omrop Fryslân. Yn febrewaris ferskynt de searje al op YouTube. Fan 12 febrewaris ôf, komt fjouwer wiken lang op snein en woansdei om 17.00 oere in nije útstjoering online op it kanaal fan Omrop Fryslân.
Noat foar de redaksje
Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei de ôfdieling Publyk: publyk@omropfryslan.nl of (058) 229 78 76.
It folsleine parseberjocht is hjir te downloaden.