Omrop Fryslân

Iepen NK maratonriden op Weissensee giet fanwegen de snie ek net troch

It riden op de Weissensee waard moandei noch wol besocht
© ANP
It Iepen NK Maratonriden op de Weissensee giet sneon net mear troch fanwegen de snie op it iis. Earder waard ek al de earste reedrydmaraton skrast, dy't tongersdei wêze soe.
De organisaasje hat dielnimmers en ploechlieders yntusken op de hichte brocht. De Alternatieve Elfstedentocht Weissensee (AEW) hat yn oerlis mei de pleatslike autoriteiten besletten dat der freed en sneon gjin organisearre aktiviteiten plakfine kinne.
It natueriis yn Eastenryk is net goed te beriden om't der in snielaach fan sa'n 40 sintimeter leit. It gewicht drukt swier op de iisflier, wêrtroch't by de sydkanten wetter omheech komme kin en de iislaach ynstabyl wurdt. De dikte fan it iis is net heech genôch foar materiaal dat it iis sniefrij meitsje kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.