Earste maratonwedstriid op Weissensee giet net troch: iis net goed genôch

In soad snie op de Weissensee © ANP
De earste maratonwedstriid fan it jier op de Weissensee yn Eastenryk giet net troch. Dy soe tongersdei ferriden wurde, mar it iis is dêr noch net geskikt foar.
De organisaasje seach it al in bytsje oankommen. "Ik heb niet heel veel hoop", seit organisator Toine Doreleijers woansdeitemoarn. "Het plaatje is mooi hier, maar het ijs mag beter."
It sit de organisaasje fan de wedstriden op de mar net mei: earst lei der hast gjin iis en no leit der fierstente folle snie. Dêrom koe tiisdei de earste tocht foar toerriders ek al net trochgean.

Mear kjeld nedich

It hat ôfrûne nacht wol ferzen, mar net bot genôch. "We hebben wel echt kou nodig. De ijsdikte is nu tussen de 15 en 21 centimeter. Dat is normaal gesproken genoeg om te kunnen schaatsen, maar het is te weinig om de vele sneeuw van de baan af te kunnen schuiven."
Snie is net goed foar de iiskwaliteit. Dy wie tiisdei dus al sa min, dat de toertocht skrast waard. "Dan voel je echt de teleurstelling. Sommigen zijn inmiddels weer terug naar Nederland, die hebben dus helemaal geen toertocht kunnen rijden."
De measte minsken snappe it wol: se moatte it wol akseptearje, want dat is de natuer. "De mensen die hier nog wel zijn, vinden een andere manier om zich te vermaken. Je kunt hier langlaufen, sneeuwschoenwandelen, skiën. We zitten in een prachtig gebied."

Miskien freed

Mar Doreleijers is der fansels foar it riden. Hy hopet dat de toerriders freed it iis wol op kinne. "We hebben nog een goede nacht vorst nodig. Dan kunnen we morgen gaan prepareren en wellicht hebben we dan vrijdag een kans."
De KNSB is foarsichtich posityf oer de kommende dagen. Om it iis te sparjen, dogge se in berop op de oanwêzige riders om ek net op eigen inisjatyf it iis op te gean.