Omrop Fryslân

Organisaasje Alternative Alvestêdetocht hat noch gjin noed oer hege temperatueren

In byld fan in eardere edysje fan de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee
© ANP
In grut part fan Europa hat op dit stuit lêst fan hege temperatueren. Hjir liket it heakoartsseizoen al begûn en yn guon wintersportgebieten leit der hast gjin snie op de pystes. De organisaasje fan de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee makket him lykwols noch gjin soargen.
"Op dit moment ligt er al vijftien centimeter ijs en daar klappen ze in Fryslân voor in hun handjes", seit foarsitter Toine Doreleijers fan de Alternative Alvestêdetocht.

Gjin panyk

"Het is wel warmer dan wij gewend zijn", jout Doreleijers ta. It duorret noch twaenheale wike foardat it evenemint úteinset, dus fan panyk is noch gjin sprake, stelt hy. "Al kijken we natuurlijk wel elke dag naar het weer."
Mei de fyftjin sintimeter iis dy't der no leit, kin de tocht trochgean. Gewoanwei leit der lykwols wol tritich sintimeter. "Dat is wel het meest optimale. Het zou fijn zijn als er toch nog wel wat nachten vorst zouden komen. We hebben de hoop dat de winter uiteindelijk wel binnenvalt, want dit zijn de temperaturen die je normaal in het begin van de winter aantreft en niet midden in de winter."

Klimaatferoaring

Mooglik binne de hege temperatueren in foarboade fan wat we yn de takomst ferwachtsje kinne, no't de ierde fierder opwaarmet. "We zijn ons ervan bewust dat er klimaatverandering is. Wij kijken dus ook naar de toekomst: hoelang blijft een Alternatieve Elfstedentocht bestaan in de vorm zoals wij die nu hebben?"
Doreleijers tinkt dat it evenemint yn de takomst fleksibeler ynrjochte wurde moat. "Je gaat misschien wat flexibeler met je data om: we kijken wanneer het weer het beste is en dan plannen we hem in. Eigenlijk zoals dat in Nederland ook gaat."
In alternative lokaasje foar de Alternative is foarearst net oan de oarder. "Als wij in den lande kijken om ons heen, dan zien we dezelfde verschijnselen. We zouden nog verder weg kunnen, maar dan zitten we weer met een ander duurzaamheidsaspect en een kostenaspect, dus ik weet niet of dat een oplossing zou kunnen zijn. Ik denk dat de Weissensee nog steeds de meest optimale locatie is om te schaatsen en daar houden wij voorlopig aan vast."
It programma fan de Alternative Alvestêdetocht set dit jier op 23 jannewaris útein. Op 1 febrewaris wurdt de wedstriid ferriden.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.