Nije generaasje natueriismasters wurdt oplaat; kennis fêstlein yn 'Gilde'

Nei in oprop fan de KNSB yn oktober foar nije natueriismasters ha mar leafst goed 850 belangstellenden har oanmeld. Se krigen woansdeitejûn in online yntroduksje en it 'Gilde van Nederlandse Natuurijsmeesters' is oprjochte.
In iismaster fan de iisferiening yn Nijlemmer © ANP
"Zo'n grote respons hadden we niet verwacht", seit Rieks Poelman, hy is foarsitter seksje natueriis fan de KNSB en sels iismaster. "Er zijn zo'n 400 verenigingen in Nederland. We dachten gemiddeld een persoon per vereniging te krijgen, en dan mochten we niet mopperen. Dat het er nu twee keer zoveel zijn, is overweldigend en overdonderend. En het vergt ook wel wat van de organisatie om ze allemaal aan de bak te krijgen."
Se sochten benammen jongere minsken, tusken de 20 en 40 jier. "Die groep heeft massaal gereageerd. Daarmee zien we kans om de knowhow die bij de oude ijsmeesters aanwezig over te dragen aan volgende generaties, zodat we in de toekomst ook op mooie ijsbanen kunnen blijven schaatsen."
Op de yntroduksjejûn is de nije iismasters ferteld wat se ferwachtsje kinne yn de kursus.
Het natuurijsmeesterschap is een bijzonder ambacht.
Rieks Poelman, foarsitter seksje natueriis fan de KNSB en iismaster
Mei de oprjochting fan it 'Gilde van Nederlandse Natuurijsmeesters' wolle se in platfoarm biede om de kennis fan âlde iismasters fêst te lizzen en oer te dragen oan nije generaasjes.

Platfoarm foar kennis

"Zo'n platform was er nog niet, dus dat willen we met het gilde doen. Het natuurijsmeesterschap is een bijzonder ambacht. Het is jouw verantwoordelijkheid om tegen het bestuur van de vereniging te zeggen dat de baan open mag."
Poelman hopet fansels dat de iisbanen dizze winter noch iepen kinne. "De meeste Elfstedentochten vonden plaats in februari, en die maand komt nog. Dus we houden alle goede hoop."
Rieks Poelman, iismaster en foarsitter seksje natueriis fan de KNSB
Snieskowe op it iis by Holwert © ANP
By de oanmeldingen sitte goed 100 Friezen. Ien fan har is de 32-jierrige Johannes Visser út Dokkum. "Ik fyn it belangryk dat it riden op natueriis ek foar takomstige generaasjes tagonglik bliuwt, dêr wol ik my foar ynsette."

Fergrizing

As bestjoerslid fan de iisklup yn Dokkum, dy't trouwens de âldste fan de wrâld is, sjocht er de fergrizing om him hinne. "Der binne no trije iismasters. Dy wol ik net foar de fuotten rinne, mar der sil in punt komme dat se net mear kinne of wolle en dan kin ik it dwaan."
Nei de digitale yntroduksjejûn folgje noch fysike kursusdagen, al is dat noch wat ûnwis yn ferbân mei corona. "Ik hoopje dat ik myn kennis dizze winter noch ynsette kin, mar ik tink net dat dat der fan komt."
Johannes Visser út Dokkum