Omrop Fryslân

Froulju borduerden foar Máxima: "Heel wat werk, maar heel erg leuk"

De borduerjende froulju
© Omrop Fryslân, Mats Gies
Sân borduersters út Kollumersweach en omkriten meie as it goed is takom jier op besite nei Paleis Huis ten Bosch. Sy binne troch keninginne Máxima útnûge om har nije gerdinen te besjen, dêr't 150 minsken út hiel Nederlân oan meiwurke hawwe.
"De oude gordijnen waren aan vervanging toe omdat ze van 1790 waren", fertelt Ans Nout fan Kollumersweach. "Koningin Máxima wilde nieuwe gordijnen, waar het hele Nederlandse volk aan mee kon werken. Ze hebben aan mij gevraagd of ik een groepje wilde samenstellen."
Dat groepke is yntusken in fanatike groep borduersters wurden. De sân froulju hawwe ôfrûne simmer spesjale fersieringen borduerd foar op de gerdinen foar Máxima.

Museum

De gerdinen binne yntusken klear en wurde earst oant en mei 29 maaie tentoansteld yn it TextielMuseum yn Tilburg. Dêrnei wurde se ophongen yn de Sineeske Seal, ien fan de romten yn it wenpaleis fan de keninklike famylje.
© Omrop Fryslân, Mats Gies
"Er zitten heel wat dagen in, maar het was wel leuk", fertelle Ans en de oare dames. "We hebben veel lol gehad met elkaar. Daar gaat het om, dat je ook plezier hebt."

"Op de kaart"

En wat fûn de keninginne derfan? "Ze vond het prachtig. Ze had een openingstoespraak, ze zei dat alle Nederlanders er aan gewerkt hadden: van Maastricht tot Kollumerzwaag. We waren er heel trots op dat ze dat vertelde, nu staat Kollumerzwaag ook een beetje op de kaart!"

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.