Ferbinend borduere foar sitkessens mei markante figueren

Ferbinend borduere en prate yn Wergea foar it Arcadia-projekt IIS © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Markante doarpsbewenners fêstlizze yn borduerwurk en dat as kessen op bankjes brûke yn de iepenbiere romte. Dat is it idee fan it Arcadia-projekt IIs, dat Tjitske Dijkstra útfiert op Skiermûntseach en yn Wergea.
It moat de ynwenners byinoar bringe trochdat de ferhalen loskomme fan de persoanen, dy't yntusken al ferstoarn binne. 'Opsichtlike Rêst-Stekjes' hat sy se neamd; stekjes om te sitten en borduerstekjes.
Markante doarpsbewenners fêstlizze yn borduerwurk
Dijkstra wol op folle mear plakken yn Fryslân doarpsbewenners mei inoar ferbine. Elk borduerwurk begjint mei in foto fan de persoan yn kwestje. "Dan set ik de foto om yn kleur en dêrnei yn in borduerpatroan. En ik haw ek tagelyk mei it oprjochtsjen fan dit projekt in oprop dien foar borduer-jern. Dan sykje ik de earste kleuren by inoar. Minsken krije in kompleet pakketsje en dan kinne se oan de slach."

Anekdoate by elk persoan

Op Skiermûntseach binne sa'n tweintich minsken mei inoar begûn mei it bordueren. Yn Wergea sitte woansdei de earste fiif froulju te nifeljen. Frieda Huizenga makket Kobus en Tjitske. "Dy wennen froeger by my yn de strjitte. En dy man siet altyd efter ús oan mei de stôk. Ik sil jimme wol krije, sei er dan. Dat wit ik noch hiel goed. Se binne al hiel lang dea, hear. Doe wie ik in lyts famke."
Sa past der in anekdoate by elke persoan. De bedoeling is dat dy ferhalen en it bordueren de minsken ferbynt. "Ik hie noch nea by Riekje yn 'e hûs west", seit Huizenga. "En no wol. Dat is allinnich al leuk. En der binne wol mear ideeën. It soe hiel gesellich wêze om fan it winter mei inoar in middei te bordueren yn it doarpshûs, as je neat te dwaan ha."

Kontakt

Dijkstra wol yn de feestwike fan Wergea takom wike in pear kear sitte te bordueren. "Ik hoopje dan kontakt te krijen mei minsken dy't tinke: dat soe leuk wêze by ús yn it doarp. Mar it kin ek wêze dat ik yn septimber samar op in bankje sit yn Fryslân en dat ik tink: dit is ek foar dit doarp wol in idee. It is net de bedoeling dat ik dat allegear fersoargje, mar ik bin dan op syk nei minsken dy't my der by helpe wolle om dat foarinoar te krijen. Ik bin mear de oanjouwer."