Hoe wurdt skieppewol wer weardefol?

Wol is neat mear wurdich. Skieppeboeren moatte der jild op talizze om harren bisten te skearen en de facht te ferkeapjen. Mar der is nije hoop foar dit natuerlike, lokale, duorsume produkt, sa is te sjen yn de FryslânDOK 'Wol tusken priis en wearde' fan Albert Jensma.
FryslânDOK 'Wol tusken priis en wearde'
Sneon 10 septimber NPO2 15.30 oere (werhelling snein 11 septimber 13.30 oere)
Snein 11 septimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Skieppehoeder Sam Westra mei syn skiep © Omrop Fryslân
Iuwenlang wie wol de grûnstof foar klean en tekkens. De minske hold himsels waarm mei wol, en stie yn dy sin ticht by de natoer. Tsjintwurdich ha wy foaral keunstfezels oan.
Foar de priis fan de Nederlânske wol betsjut dat dat dy histoarysk leech is. Eartiids krigen boeren goed betelle foar in facht, mar wol is ferwurden ta in spotgoedkeap bulkprodukt. Yn Nederlân rinne sa'n miljoen skiep dy't mei-inoar alle jierren sa'n 2,5 miljoen kilo wol produsearje. Wêr giet dat hinne?
Breidzje © Omrop Fryslân
Omdat de tekstylyndustry hast hielendal ferdwûn is út Europa, giet ús wol no tsjin ôffalprizen nei lannen as Yndia, Pakistan en Sina. Tagelyk keapje we massaal goedkeape syntetyske klean út lege leane-lannen. Troch it waskjen fan dy klean fergiftigje mikroplestiks, ôfkomstich út de stof, yn ferûntrêstende mjitte ús wetter.
Dorine van den Beukel, Pleed © Omrop Fryslân
Aksjegroep Pleed yn Fryslân makket him sterk foar de weryntroduksje fan de Nederlânske wol as weardefolle en duorsume grûnstof. Mei projekten wol Pleed ek jongere minsken wer ynteressearje foar it brûken fan wol.

Eksposysje

Ek de lokale ferwurking fan de wol wolle se nij libben ynblaze. Sa wurdt de wearde fan wol folle grutter as de priis. Oan 1 novimber 2022 hat Pleed in eksposysje '100% wol' yn it Frysk Lânboumuseum yn Ljouwert. Ferline jier stie Pleed op de Dutch Design Week yn Eindhoven.
Spinnerij Wadnwolletje © Omrop Fryslân
Dorine van den Beukel