Fries yn Lviv belibbet benaud momint: "Eksploazje op 300 meter fan my"

Willem Nammensma © Eigen foto
Ierappelboer Willem Nammensma fernimt dat de situaasje yn Oekraïne hieltyd slimmer wurdt. Nammensma hat dat ek persoanlik ûnderfûn. "Ik ried nei hûs ta en op ûngefear 300 meter fan my hat der in eksploazje west. Dan skrikke je enoarm fansels."
De situaasje drige tiisdei efkes hielendal te eskalearjen doe't in raket delkaam in it Poalske plakje Przewodów, yn de buert fan de grins mei Oekraïne. Dêrby foelen twa deaden.

Druk op Zelensky nimt ta

Efkes wie ûndúdlik wa't de raket ôfsketten hat. Yntusken liket it derop dat it om Oekraynske ôfwargeskut giet. "It makket net safolle út oft it in raket út Oekraïne of út Ruslân wei wie", stelt Nammensma. "Yn beide gefallen is it in NAVO-lân dat in raket op syn territoarium krijt."
Bylden fan Lviv, makke troch Fries om utens Willem Nammensma
Nammensma tinkt dat de druk op de Oekraynske presidint Volodymyr Zelensky no wol tanimme sil. "Want op dizze wize eskalearret it allinnich mar fierder en fierder."

"It wurdt hieltyd heftiger"

De Russen geane yntusken ûnfermindere troch mei it ôfsjitten fan raketten op Oekraïne. "Juster binne der hûndert raketten en in oantal drones ôfsketten. It wurdt hieltyd heftiger", stelt Nammensma.
Ik hâld myn hert fêst foar de kommende tiid.
Willem Nammensma
Ruslân besiket foar in grut part de enerzjyfoarsjenning te treffen. Oant no ta hat it bedriuw fan Nammensma dêr noch net hiel bot lêst fan hân. "Sadree't de stroom útfalt, nimme de generators it oer en kinne wy trochdraaie. Mar as it loftalaarm giet, dan moatte alle minsken dochs út de loadsen wei. Dan stiet it proses stil."
Alle ierappels binne no fan it lân ôf. "Ast in farsk roaid produkt hast, wolst der safolle mooglik lucht trochhinne krije. Oant no ta is it slagge, mar ik hâld myn hert fêst foar de kommende tiid", seit Nammensma.

Werom nei Nederlân

De winter stiet op it punt fan begjinnen yn Oekraïne. Foar sneon wurde der temperatueren oant -10 foarsein. Dat kin problemen opsmite foar de ierappels. "It guod is goed isolearre, mar je moatte wol stroom hawwe om it produkt goed bewarje te kinnen."
No't it ierappelseizoen sa goed as klear is, is Nammensma fan doel om wer nei Nederlân te kommen. "Ik wol dan earst in wike of twa, twa en in heal yn Nederlân wêze, en dan mar sjen hoe't de situaasje him ûntwikkelet."