Fryske boer yn Lviv sjocht gjin oplossing nei ein graandeal: "Frachtweinen steane stil"
Ierappelboer Willem Nammensma seach der net frjemd fan op dat Ruslân út it akkoart stapt is dat de eksport fan nôt (graan) út Oekraïne wei beskermje moast. De Fries dy't yn Lviv wennet en wurket stelt dat Ruslân de boel al langer oan it ophâlden wie.
"De Russen stjoerden minder ynspekteurs nei Turkije. Dêrtroch koenen de boaten net sa gau troch de ynspeksje hinne. Der lizze 150 boaten te wachtsjen, mar dy kinne net troch om't Ruslân de boel fertraget", stelt Nammensma.
"It siet deroan te kommen"
Boaten út de Russyske float by Sebastopol op De Krim soenen troffen wêze troch in drone-oanfal. It wie foar it Kremlin reden om har iensidich werom te lûken út it akkoart oer de eksport fan nôt dy't mei de VN en Turkije sletten wie.
"Dat wie de perfekte gelegenheid foar Ruslân om te sizzen: as jimme sa wolle, dan stelle wy de graandeal út. It lei foar de hân dat dat barre soe. Miskien in wike earder, miskien in wike letter; it siet deroan te kommen", seit Nammensma.
Neffens Nammensma hat it útstellen fan de deal grutte gefolgen. "Normaal giet der fiif miljoen ton yn de moanne fuort, de lêste tiid wie it tusken de twa en trije miljoen ton op syn heechst. Dat leit no earst wer stil. It is no oan diplomaten om dat wer op gong te krijen."
De frachtweinen steane fiif, seis, sân dagen stil by de grins. De burokrasy is der net op klear.
De Frânske presidint Emmanuel Macron hat sein dat hy it ferfier oer lân opfiere wol. Neffens Nammensma is dat gjin oplossing. "Wy ride mei ús bedriuw op dit stuit mei 150 frachtweinen nei Europa. Wy hawwe bulten mais en sinneblommen op it lân lizzen. It stiet yn gjin ferhâlding mei de skipfeart. Boppedat steane de frachtweinen fiif, seis, sân dagen stil by de grins. De burokrasy is der net op klear."
Stroomproblemen
Ruslân fiert de lêste tiid in protte raketoanfallen út op ynfrastruktuer foar wetter en stroom. Nammensma fernimt der ek wol wat fan. "De stroomfoarsjenning is koarte. Der wurdt no de regio stroom útjûn, sadat it netwurk net oerbelêste rekket."
De raketoanfallen soargje derfoar dat it wurk wer efkes in skoft stilleit. "Wy binne noch hieltyd oan it roaien. Dat is ek bot fertrage. Troch stroomútfal, mar ek fanwege de loftalarms. Dan steane we stil. Yn it ferline wie dat in healoerke, mar de lêste tiid is it twa, trije oeren, dan hawwe je hielendal gjin kapasiteit mear."