Fries yn Lviv hat betrouwen yn Oekraïne: "It kin wjerstân biede oan Poetin"

Willem Nammensma doe't er earder efkes yn Fryslân wie © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De Russyske presidint Poetin hat foar in part in militêre mobilisaasje ôfkundige. Willem Nammensma is net benaud wurden fan syn oarlochsretoryk. Neffens him is der in goede kâns dat Oekraïne it wol wjerstean kin.
De Seisbierrumer wennet yn it Oekraynske Lviv. Hy wurket foar in lânboubedriuw yn Oekraïne, dat ûnder oare nôt, mais, sinneblommen, soaja en jierappels ferbout.
Nammensma hat de telefyzjetaspraak fan Poetin sjoen, dêryn ropt de presidint 300.000 reservisten op om nei it front te gean. "Dat de taspraak útsteld waard, wie neffens my al in teken dat it net neffens plan rint", skat Nammensma yn. "Sa is it mei de hiele oarloch al sa."
Oekraïne hat yn de lêste tiid in grut gebiet weromwinne kinnen, jout hy oan. "Mei help fan moderne Westerske wapens en fansels mei de motivaasje fan de ynwenners sels. Sy tinke: wy kinne de Russen wol de baas, ek as sy nochris 300.000 minsken mobilisearje."

Gaos by it Russyske leger

Nammensma hat it út earste hân, want in freon fan him is kommandant fan ien fan de bataljons fan it Azovleger. "Ik haw him fan de trein helle foar in ôfspraak. Hy fertelde by my oan de keukentafel hoe net-organisearre it Russyske leger is. It Oekraynske leger stiet dêr sterk foaroer."
Oan de oare kant lit it ek sjen dat Poetin net samar belies jaan wol. "Dit sil echt net op koarte termyn einigje. It sil noch mear leed foar Oekraïners en Russen bringe. De striid wurdt heftiger." Der falle noch hieltyd in soad deaden. "Eltse deade is der ien te folle."
Presidint Poetin yn syn taspraak © ANP
De nukleêre driging fan Ruslân wurdt neffens Nammensma oerskat. "Ik tink dat dat net fluch barre sil. Ek om't Ruslân dochs it lân hawwe wol, dat sille sy net mei bommen ûnbrûkber meitsje. Ek al driigje sy der wol mei."

Motivaasje oan it front

De reservisten dy't no oproppen wurde, binne net fan it kaliber dat gongber heart te wêzen yn in leger, seit Nammensma. "It binne net de minsken mei de measte motivaasje, yn tsjinstelling ta de Oekraïners. Sy hawwe net de bêste wapens ta har besikking en de Russen dy't no oan it front sitte, binne demotivearre. Sy witte faak net wêr't sy foar fjochtsje."

Problemen op it lân

It lânboubedriuw fan Nammensma mist gjin wurknimmers troch de oarloch, mar hat wol oare problemen. "In ramp komt nea allinne. It waar sit tsjin, der is in soad rein. Wy steane stil mei it jierappeldollen, de sinneblommen hawwe fertraging en by de soaja begjint ek de fertraging. It hat te lijen fan skimmels en de eksport fan in soad gewaaksen is noch hieltyd in drama."
© Willem Nammensma
Boppedat duorret it net lang mear foar de nachtfroast úteinset. "Dan wurdt it wol kritysk. Je komme hieltyd letter yn it jier." Mar Nammensma kin it relativearje. "It stiet net yn ferhâlding mei de situaasje oan it front."