Gemeente Ljouwert stekt mear as 1 miljoen euro ekstra yn kultuer

It festival Welcome to The Village, doe't dat noch yn de Griene Stjer holden waard © ANP
De gemeente Ljouwert stekt fan takom jier ôf mear as 1 miljoen euro ekstra yn kultuer. De totale begrutting giet dêrmei fan 10 nei 11 miljoen euro.
De gemeenteried stimde twa jier lyn yn mei in ambisjeus nij kultuerbelied, mei as doel de reuring dy't kulturele haadstêd yn 2018 brocht hat te behâlden. No wurdt it dus konkreet makke mei jild.
Wat opfalt is dat der in soad jild giet nei it op oarder krijen fan de basis. By ynstellings as De Harmonie en dbieb wiene strukturele tekoarten dy't oant no ta foar de koarte termyn oplost waarden. De Harmonie krijt no struktureel 130.000 en dbieb 138.000 euro. Ek festivals krije der struktureel jild by: 100.000 euro it jier.
De gemeente Ljouwert stekt mear as 1 miljoen euro ekstra yn kultuer
Oer de hiele liny komt der jild by: fan de muzykferienings SML (20.000 euro ekstra) en Tryater (50.000 ekstra) oant ljochtfestival LUNA (50.000 struktureel) en it Befrijdingsfestival (20.000 ekstra).
Der giet ek in soad ekstra jild nei kultueredukaasje. Dêr krijt Kunstkade 120.000 euro foar. "We zien dat dit in het basisonderwijs al heel goed geregeld is, maar op de peuterscholen en de middelbare scholen valt nog veel te halen", seit wethâlder Hein Kuiken (PvdA).

Pop en hiphop

Fierder wol de gemeente folle mear ynsette op hiphop en de popkultuer. "We hebben sterke spelers hier in Leeuwarden: poppodium Neushoorn, de popacademie, de Popfabryk, Friesland Pop en de festivals. We willen investeren in het bundelen van al deze krachten zodat we ons in Nederland, en zeker in het Noorden, kunnen onderscheiden."
Hein Kuiken, wethâlder yn de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân
De ekstra ynvestearrings yn kultuer binne mooglik om't de gemeente der finansjeel goed foar stiet. Dat komt trochdat de werferdieling fan it gemeentejild út it Ryk posityf útpakte foar Ljouwert: der wie 4 miljoen euro ekstra om te ynvestearjen yn nij belied yn de gemeente, wêrfan't dus in grut part nei kultuer giet.
Grutte fraach is wol hoefolle oft de ynstellingen fan it jild oerhâlde, no't de kosten ek oprinne mei de ynflaasje en hege enerzjyprizen. "Dat is een probleem dat veel breder speelt", seit Kuiken. "We zijn als gemeente nu overal aan het inventariseren hoe iedereen ervoor staat. Dat geldt voor de sport, cultuur, het MKB en burgers."
Op it stuit binne der noch gjin sinjalen dat organisaasjes op it punt fan omfallen steane, mar Kuiken ferwachtet noch wol dat de gemeente flink ta de bûse moat om te stypjen. Mooglik giet it om miljoenen.