Grutte lobby yn provinsjehûs tsjin foarstelde besunigingen op taal en kultuer

It Provinsjehûs © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Op it provinsjehûs wurdt flink lobbyd tsjin de foarstelde besuniging op tal fan organisaasjes yn Fryslân. It foarstel is om fan 2025 ôf 1,6 miljoen te besunigjen op taal en kultuer.
Ek op Doarpswurk, de organisaasjes dy't de doarpen en de foarsjenningen yn dy doarpen stipet, soe goed seis ton besunige wurde moatte. Dat soe de ein betsjutte fan Doarpswurk.

Mear as skande

"Sûnder dat jild kinne we net", seit Theo Andreae fan Doarpswurk. "Dan kinne we de doar net standert iepensette foar inisjatyfnimmers, frijwilligers en bestjoersleden dy't op alle doarpen aktyf binne foar leefberens. Dat is mear as skande. Yn de ôfrûne fjirtich jier ha we fol passy en oertsjûging wurke oan in leefber plattelân. As dat stopset wurdt, is dat ferskriklik."
Theo Andreae fan Doarpswurk © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Doarpswurk soe miskien op in oare wize trochgean kinne, as projektorganisaasje. "Datst minsken op dy basis stipest, mar dan is it leechdrompelige fuort. Dan wurdst in buro dat op basis fan projekten helpt, mar dan moat it jild der wol earst wêze. Dan moat dus elke inisjatyfnimmer earst it jild rûn krije foardat se in partij as Doarpswurk ynskeakelje kinne. It wurdt sa earder djoerder as goedkeaper."
Doarpswurk © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Ien fan de kenmerken fan Doarpswurk is dat se kennis en ûnderfiningen diele. "Mar ast as organisaasje op syk moatst nei jild, dan binst net sa happich om dy kennis fergees te dielen. En je sette sa ek de frijwilligers, dy't Fryslân grut meitsje, yn it himd."

Petysje

Doarpswurk hat in petysje opset. "Alle dagen komme der nije hantekens by. Us achterban bestiet út 230 doarpshuzen en 270 doarpsbelangen. Hast hiel Fryslân is lid en se ha allegear tekene. En ek in soad oare minsken ha tekene De teller stiet op sa'n 600, we gean wol oer de 1000 hinne."
Theo Andreae fan Doarpswurk
Hy hopet dat de leden fan Provinsjale Steaten oars nei it plan fan it kolleezje sjogge. "Leefberens soe neffens it kolleezje net mear in kearntaak fan de provinsje wêze, mar ast sjochst nei it kolleezjeprogramma is dat hast net út te lizzen. De earste lûden dy't we hearre, is dat de leden dêr wol in oare fyzje op hawwe as it kolleezje."

Alternatyf

De organisaasje hat in alternatyf plan om te besunigjen. "We wolle de eagen net slute foar besunigingen, mar we tinke dat der oare mooglikheden binne om wol de tsjinstferliening en de leechdrompeligens yn stan te hâlden en ek de besunigingen te realisearjen."
Wat soesto! is in foarstelling fan Pier21 © Pier21
Teäterselskip Pier21 is ien fan de sechstich organisaasjes dêr't 1,6 miljoen op besunige wurde moat. Mei de sektor ha se in brief skreaun en sille se safolle mooglik yn it provinsjehûs wêze. Se binne ferbjustere oer it foarstel omdat it heaksk stiet op it belied fan no.
"Yn 2017 is begûn mei it 'herijken' fan it kultuerbelied. Mei de sektor en de polityk ha we dwaande west om it kultuerbelied op in nije manier foarm te jaan, wêrûnder de keunste-ynfrastruktuer en de musea", seit Maaike Beckers, saaklik lieder fan Pier21.
"Dy kinne ynskriuwe op fjouwerjierrige subsydzjes en in advyskommisje beoardielet dat. Dat belied is yn 2021 yngien, dus we binne no krekt oardeljier dwaande. De evaluaasje dêrfan is noch net iens ôfrûn. It is hiel frjemd om no al dit beslút nimme te kinnen."

Minder ynvestearje

As it trochgiet, is der fan 2025 ôf minder stipe foar organisaasjes. "Dat betsjut no al dat elkenien foarsichtiger ynvestearje sil. As der safolle minder jild is, is de kâns lytser dat je jild krije foar de oanfraach."
De ambysjes moatte ek bysteld wurde. "We kinne ús minsken op de lange termyn net wat biede omdat it te ûnwis is. En it Ryk hat ekstra jild beskikber steld foar kultuer, mar as Fryske sektor kinne we dêr nei fluitsje, want kofinansiering is dêrby in eask en dêr sille we dan yn tal fan gefallen net mear oan foldwaan kinne."
Maaike Beckers
Net inkeld de makkers sille dat fernimme, mar ek it publyk. "Dus de hiele mienskip."
Se hat al wol wat reaksjes fan Steateleden krigen. "Der binne foaral fragen, eins deselde as dy't we sels ek hawwe. Der moat besunige wurde, mar se wrakselje mei dit foarstel dat der leit."
Op 29 juny falt it beslút, is de bedoeling.
Ferslachjouwer Onno Falkena prate ek mei oare ynstellingen op de steatemerk, lykas Douwe Zeldenrust (Keunstwurk), Evert-Jan Rotshuizen (Museum Belvédère) en Jacqueline Schrijver (Filmhûs Slieker)