Stevige delgong tal seehûnen: "Als we zo doorgaan, houden we niets over"
Der binne dit jier in stik minder seehûnen teld yn de Waadsee as de ôfrûne jierren. De delgong is al in pear jierren geande, mar giet dit jier hurder as dat ûndersikers ferwachten.
Dat stiet yn it jierlikse rapport fan de Unesco wrâlderfgoedorganisaasje Waadsee. Der binne yn juny 8.514 pups teld yn de hiele Waadsee, dus tusken Teksel en Denemarken. In jier lyn wienen dat der noch 10.903. Yn alle regio's fan de Waadsee wie in delgong te sjen, yn it Nederlânske part mei 22 prosint.
Yn it ruiseizoen, augustus dit jier, wienen der 23.652 seehûnen te sjen yn de Waadsee. Allinnich yn it Deenske diel wienen der mear, mar fierder oeral minder.
Mooglik net genôch iten
De ûndersikers witte net wêrom't der sa'n soad minder seehûnen binne. Mooglik kin de populaasje net oerlibje yn de omstannichheden en is der net genôch iten. "Benammen pups soenen dêr lêst fan ha moatte", seit Anders Gelatius, skriuwer fan it ûndersyksrapport. "Dat soe derfoar soargje moatte dat der mear pups deageane, wat wer gefolgen hat foar de totale populaasje."
Al tien jaar vernemen we een zwaar verminderde groei. Dit jaar nemen ook de aantallen pups af.
De gegevens fan dit jier passe neffens Gelatius yn dy ûntwikkeling, mar it binne der noch signifikant minder as ferwachte. Op basis fan ien jier wol er lykwols net stevige konklúzjes lûke.
Undersiker Sophie Brasseur fan de universiteit fan Wageningen ûnderskriuwt de befiningen. "Al tien jaar vernemen we een zwaar verminderde groei. Dit jaar nemen ook de aantallen pups af."
Gjin firus
It byld libbet by guon dat it just wol goed giet mei de seehûn. Brasseur hat wol in idee hoe't dat komt. "We zijn begonnen met tellen toen het heel erg slecht ging. Na de jacht waren er heel weinig zeehonden over. Daarna hebben we steeds groei gezien, maar nu is er zo'n grote afname. Tussendoor is er wel twee keer een virusepidemie geweest, maar nu speelt er iets anders."
In goede ferklearring wêrom't it no sa min giet, hat Brasseur ek net. Der wurdt op it stuit ek gjin ûndersyk nei dien, omdat dêr gjin jild foar is. "Wij tellen alleen maar", seit se.
Se soe it leafst sjen dat der goed wittenskiplik ûndersyk komt nei de oarsaken fan de delgong. "We blijven daarvoor pleiten. Dat moet gefinancierd worden."
Feroaringen op see
As se sels dochs neitinke moat wat de oarsaak wêze kin, tinkt se oan de minske. "Er zijn veel veranderingen gaande op zee. Niet alleen klimaatverandering, maar we gebruiken de Noordzee ook veel meer. De oorzaak kan van alles zijn, maar het lukt de pups in elk geval niet om voldoende te overleven. Als we zo doorgaan, houden we niets meer over."
It is Brasseur te maklik om te sizzen dat dit no ienkear de natuer is. "Als we iets fout doen in de Waddenzee of Noordzee, moeten we dat stoppen. Dan houden we misschien nog wat zeehonden over."