Seehûn yn de problemen op Skiermûntseach socht sels om help

In grize seehûn fan Skiermûntseach is de ôfrûne dagen yn it seehûnesintrum fan Pieterburen wer op krachten kaam. It bist siet hielendal fêst yn stikken fisknet en tou.
It froutsje, dat de namme Tefiti krigen hat, wie ek slim ferwûne. Se waard ûntdutsen troch strângongers op Skiermûntseach: dy hienen it idee dat de seehûn op se ôf kaam om help te freegjen.
Bewust of net, dat wie wol har rêding. De seehûnewachter fan it eilân hat it bist befrijd út de netten en tou. De ferwûningen wienen wol sa grut dat se nei Pieterburen ta moast.
Dêr wie it net fuortendaliks dúdlik oft Tefiti it wol oerlibje soe. Benammen yn de nekke en kiel sieten djippe wûnen. Nei yntinsive soarch de ôfrûne dagen is it bist wer opknapt.
Fan tongersdei ôf giet de seehûn nei in grutter ferbliuw yn Pieterburen. Dan wurdt se ek sichtber foar publyk.
It seehûnesintrum warskôget foar swalkôffal yn de natuer. "Vaak gaat het om plastic rommel die niet vergaat." Nijsgjirrige bisten komme dêrop ôf, mar reitsje dan geregeld fêst yn netten of tou. "Door de verstrikking zijn ze niet in staat om te jagen en verhongeren ze uiteindelijk."