Waadfûns stipet oanpak fan plestiksop yn de Waadsee mei 750.000 euro
It Waadfûns stekt 750.000 euro yn it oanpakken fan de saneamde plestiksop yn de Waadsee. Dêrmei moat yn kaart brocht wurde hoe't plestik streamen út it Nederlânske binnenwetter yn de Waadsee telâne komme en hoe't dat der it bêste út helle wurde kin.
Ek moatte der miljeufreonlike alternativen komme foar mielbakjes en fiskersmoffen, dy't no faak yn see bedarje. Yn totaal giet der sa'n 1,1 miljoen euro nei de projekten.
Mei it projekt 'Stop plastic van Stad naar Wad' docht it bedriuw Noria ûndersyk nei de rûte dy't plestik út it Grinslanner Reitdiep en de Eems Dollard ôfleit nei it Waadgebiet. Ek sjocht it nei hoe't dat plestik it bêste opfongen wurde kin, op in natuerfreonlike wize. It hiele projekt kostet hast 640.000 euro, it Waadfûns stipet mei hast 420.000 euro.
It oare projekt hjit 'WadAfval van plasticsoep naar groentesoep' en komt by Stichting House of Design wei. Mei it projekt wurde ôfbrekbere 'biobased' produkten ûntwikkele as alternatyf foar plestik. Dan giet it dus earstoan om in alternatyf foar plestik bakjes foar iten en fiskersmoffen. Dit projekt kostet hast 500.000 euro, wêrfan't it Waadfûns hast 330.000 euro stipet.