Seehûnen oanspield, advys: net oanreitsje fanwege mooglike fûgelgrypbesmetting

Deade seehûn spielt oan, achterdyk by Wierum © Sjoukje N. Visser
Oan de Fryske Waadseekust by Wierum en Holwert binne sneon twa jonge seehûnen oanspield. It seehûnesintrum yn Pieterburen advisearret oanspielde seehûnen lizze te litten en se net oan te reitsjen. Se kinne besmet wêze mei fûgelgryp of oare sykten.
Tusken Wierum en it Skoar dreau in seehûn dy't al sawat in wike dea wie, skat Rinaldo Korst. Hy is frijwilliger by De Fûgelpits yn Moddergat. De organisaasje dêr't hy aktyf foar is, wurdt nei in melding ynskeakele troch opfangsintrum yn Pieterburen om op it plak sels te sjen hoe't de situaasje is.
Seehûntsje yn it slyk by Holwert © Naomi Korst
By de feardaam fan Holwert lei in libjend seehûnejong. Dit bist wie noch tige jong. It is noch net sa lang ferlyn berne en nei alle gedachten syn mem kwytrekke. It bistje lei net fier fan de grutte autoparkeargelegenheid op de daam.

Gewurde litte

Belied is dat de seehûnen de earste 24 oeren gewurde litten wurde. By neikontrôle seach Korst sneintemoarn dat it seehûnejong by Holwert der net mear lei. Mar sneintemiddei wie er der dochs wer, no oan de oare kant fan de daam.
Der stiene in soad minsken omhinne en it bistje wie ôffallen en dêrom hat Korst him dochs mar meinaam nei de opfang.
Deadsoarsaak oanspielde seehûn by Wierum is net mear te achterheljen © Naomi Korst
Korst kin sa op it earste each gjin oarsaak oanwize foar de dea fan de jonge seehûn by Wierum: "Sommige jonge dieren gaan gewoon dood. Dat is bij vogels ook zo."
De deade seehûn hat er sneon fuortendaliks ôffierd. It bist wie te fier hinne foar ûndersyk en is nei in destruksjebedriuw brocht.

Net mear alle seehûnen nei opfang

Der binne tsjintwurdich sawat 34.000 oant 35.000 seehûnen yn it Nederlânske Waadgebiet, seit Korst. Yn tsjinstelling ta yn it ferline wurde net mear alle seehûnen meinaam nei de opfang.
As it kin, litte se libjende bisten east 24 oeren lizze. Nei de fynst wurde de bisten woegen en dêrnei weromlein. By deade seehûnen wurdt in ynskatting makke oft ûndersyk noch wol mooglik is. Is it bist te fier hinne, dan hat dat gjin doel.
'Pieterburen' kin foar oanspielde seehûnen oan de Fryske Waadkust in berop dwaan op twa bistehelporganisaaasjes: De Fûgelpits foar Lauwerseach oant sawat Holwert en de stichting Dierenambulance Dier in Nood foar de Bilthoeke oant Surch.