Ferstrikte seehûn nei werstel wer de see yn: 'Sa bysûnder om te sjen'

De seehûnen Te Fiti, Kasper en Vittoria wurde frijlitten by Skiermûntseach © RTV Noord
In moanne lyn rekke seehûn Te Fiti ferstrikt yn in fisknet by Skiermûntseach. Hy rûn slimme ferwûningen op, mar tanksij omstanners en meiwurkers fan Zeehondencentrum Pieterburen hat Te Fiti it oerlibbe. Sneontemiddei waard se mei twa oare seehûnen wer werom de see yn litten.
De middeis sette in spesjale boat ôf mei finers fan de trije seehûnen en meiwurkers fan Zeehondencentrum Pieterburen nei ien fan de sânstrannen flak by Skiermûntseach.
Klaske Aaij hat seehûn Te Fiti in moanne lyn fûn en is fereare dat se hjirby wêze mei. "Ik vind het heel bijzonder dat ze straks weer op haar eigen plekje komt", fertelt se oan RTV Noord. "Toen ik haar vond, schrok ik best erg. Ze had allemaal touwen om haar nek."
Te Fiti doe 't se krekt by Zeenhondencentrum Pieterburen binnenbrocht waard © RTV Noord
"Ik kan wel zeggen dat ik haar niet gevonden heb, maar zij mij", ferfolget Aaij. "Op het moment dat ze mij zag, kwam ze helemaal naar me toe zwemmen. Vervolgens ging ze voor me liggen en keek ze me smekend aan. Een zeehond doet dat niet zomaar, dat vond ik heel bijzonder. Maar de verwondingen waren ernstig."
Te Fiti mei snijwûnen yn 'e nekke © RTV Noord
Nei't se kontakt opnaam mei seehûneopsichter fan Skiermûntseach, is it hurd gien. "Het zeehondje kwam terecht in Zeehondencentrum Pieterburen en daar hebben ze goed voor haar gezorgd", seit Aaij ferromme. "En vandaag gaat ze dus terug de zee in."

150 kilo

Foar Sander van Dijk fan it seehûnesintrum is dat ek in bysûnder momint. "Het is altijd weer een prachtige belevenis", fertelt er. "Naast Te Fiti laten we ook Kasper en Vittoria vrij. Vittoria was heel mager toen we haar binnenkregen, maar weegt inmiddels 150 kilo."
"Het gebeurt zelden dat we zo'n zware zeehond terugbrengen, dus we zijn met z'n allen wel een aantal weken naar de sportschool gegaan", laket er.

Frijlitting

Op it momint dat de trije kisten mei seehûnen de sânbank op tild en delset wurde, meie de finers fan de bisten meirinne en op de kiste sitte. De 35 minsken dy't meireizge binne nei de frijlitting, telle ôf fan trije nei ien, de seehûnefiners iepenje de kisten en de seehûnen skowe nijsgjirrich nei bûten.
Ien fan de seehûnen, flak foar de frijlitting © RTV Noord
Yn stee fan dat de bisten yn in rjochte line rjochting it wetter geane, skowe se hurd rjochting de minsken ta, dy't allegearre wat stappen achterút sette. Al gau ûntdekt Kasper it wetter en hoewol't elkenien tinkt dat Vittoria earst lekker lizzen bliuwt op it sân, skoot ek sy úteinlik rjochting it wetter, mei Te Fiti achter har oan.

Yn see smite

Aaij sjocht Te Fiti nei, dy't fierderop yn it wetter driuwt. "Dit is supergaaf om mee te maken", seit se bliid. "Ik ben zo blij dat ze weer terug is in zee. Maar ik ben ook blij dat hier nu wat aandacht aan wordt geschonken om mensen bewust te maken wat ze allemaal in zee gooien."