Opnij seehûn fêst yn stik net: befrijd troch meiwurkers rederij

De seehûn fêst yn in stik net © Peter van Suijlekom
Op 'e nij is der in seehûn befrijd út in stik net. Diskear barde dat op it strân fan Skylge.
Oardel wike lyn waard op it strân fan Skiermûntseach ek al in seehûn fûn dy't hielendal fêst siet yn stikken fisknet en tou. Dy seehûn, dy't de namme Tefiti krige, wie sa slim ferwûne dat er yn it seehûnesintrum fan Pieterburen op krêften komme moast.
De seehûn op Skylge siet fêst yn in stik net fan in wrak. Meiwurkers fan rederij Noordgat ha it bist befrijd. Dy gong dêrnei sels de see wer yn.