Ecomare folget seehûn Jet mei nije en bettere stjoerders

© ANP
Seehûne-opfang Ecomare fan Texel folget seehûnen mei in gloednije stjoerder. De nije stjoerder slacht mear ynformaasje op as de âlde.
"Met deze nieuwe zenders kunnen we bijvoorbeeld zien hoeveel slagen een flipper maakt", seit Sophie Brasseur, ûndersykster fan Ecomare.
"Dat lijkt wat onnodige informatie, maar je kunt er juist heel veel uithalen. Zo weten we of het beest gezond is en goed kan bewegen. De snelheid van handeling is een peiler voor de algemene gezondheid. Daarnaast weten we of ze achter prooien aan zitten."

Yn it hier

De nije stjoerder is krekt sa grut as in telefoan en is oant no ta by ien seehûn pleatst. Seehûn Jet wurdt sûnt maaie folge troch Ecomare. De nije stjoerder sit yn it hier, want dat is better foar it bist seit Brasseur.
"Een dier een chip geven willen we natuurlijk niet. Dan blijven er niet veel opties over om het diervriendelijk te doen. Deze zender kunnen we met een soort lijm vast zetten. Het nadeel is dat we de zender op een gegeven moment verliezen, want een zeehond verhaart één keer per jaar. Daarna zijn we de zender dus kwijt."
Ecomare hopet yn de takomst de stjoerder op mear bisten pleatse te kinnen.