De keunstners fan "Nee jongu, ja juh"

Heech op Ljouwerter gebouwen foarmje libbensgrutte letters Fryske en 'Liwwadder' teksten. Keunstners Marten Winters en Aad van Altena meitsje sa meartaligens sichtber yn it strjitbyld. Hoe dogge sy dat en wat is it doel fan dy aksjes?
FryslânDOK 'Sichtberens'
Sneon 29 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling snein 30 oktober 13.30 oere)
Snein 30 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
"Nee jongu, ja juh" op it gerjochtsgebou binne de bekendste teksten (hoewol't dy yntusken fuorthelle binne. "Weest wel" op it âlde belestingkantoar is de nijste fraze.
Marten Winters en Aad van Altena © Halbe Piter Claus
Yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 wurdt de toan set. Ynienen kinne ynwenners en besikers fan Ljouwert al fan fier de wurden lêze, dy't yn manshege letters boppe-op oerheidsgebouwen steane.
It sjocht der grappich en frjemd út, mar tagelyk tagonklik. Mei teksten as "Nee jongu, ja juh" op it gerjochtsgebou, "Yn it hert" op it Provinsjehûs en "Sliepende wei" by de Noarderbrêge witte de twa keunstners Marten Winters en Aad van Altena harren stedsgenoaten alert te meitsjen op de eigen taal.
Sy hoopje minsken oan te setten mei in oare blik nei har omjouwing te sjen.
"Nee jongu, ja juh" op it gerjochtsgebou © Halbe Piter Claus
Ek nei 2018 giet it projekt 'Sichtberens' troch, want it gefoel fan urginsje om it Frysk en Stedsfrysk libben te hâlden, bliuwt.
Yn de FryslânDOK filmet dokumintêremakker Halbe Piter Claus de keunstners wylst sy wurkje oan in nije opdracht. Dat wurdt "Weest wel", in tekst mei in dûbelde lading. It is Ljouwerters foar 'witst wol' en yn it Nederlânsk betsjut it: 'heb het goed'.
"Weest wel" op it âlde belestingkantoar © Halbe Piter Claus
Mar troch de coronakrisis, kreakers yn it flatgebou en juridyske tûkelteammen hat de pleatsing fan de letters diskear hiel wat fuotten yn de grûn.
Ofrûne simmer binne de wurden lang om let nei boppen brocht. Se steane no te pronkjen op de âlde betonnen kolos fan de belestingtsjinst.
Sichtberens - sliepende wei © Halbe Piter Claus
Oer de fuorthelle letters fan de rjochtbank is yntusken in flinke diskusje oan 'e gong: sy wurde troch in protte Ljouwerters mist. Keunst yn de iepenbiere romte dócht wat mei minsken, sa docht bliken.