Living Labs bringe studinten en Ljouwerter ûndernimmers byinoar

Studinten fan Campus Fryslân dogge ûndersyk mei lokale, nasjonale en ynternasjonale partners yn 'Living Labs'. Yn diel 3 en it slot fan de FryslânDOK-searje 'Yes we can' sjogge wy hoe't dat giet yn de praktyk.
FryslânDOK 'Yes we can' diel 3
Sneon 22 oktober 15.30 oere NPO2 (werhelling 23 oktober 13.20 oere)
Snein 23 oktober 17.00 oere Omrop Fryslân (werhelling alle oeren).
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Campus Fryslân RUG © Gerko Jonker
De bûtenlânske studinten Lea, Lina, Linnea en Mariana dogge de stúdzje Global Responsibility and Leadership oan Campus Fryslân. Sintraal hjirby stean de Sustainable Development Goals fan de VN. Dat binne doelen foar it ferbetterjen fan klimaat, duorsumens, earmoed en sosjale rjochtfeardigens.
De fjouwer studinten by Campus Fryslân © Gerko Jonker
It motto fan dy stúdzje is dat wrâldproblemen lokaal oanpakt wurde kinne: Global problems, local solutions. Dêrom kinne de studinten yn de lokale praktyk oan de slach, mar binne se ek ynternasjonaal dwaande.
Lea by it Ljouwerter bedriuw Buurvrouw & Buurvrouw. Linnea by de provinsje Fryslân. Lina by it Global Centre on Adaption, dat yn Rotterdam en Grins sit. En Mariana ûndersiket 'Pocket Garden', dat giet oer jeugd en iten yn Argentinië, Dútslân en Súd-Afrika.
Maryse Brandsma út Ferwert hat de stúdzje Global Responsibility and Leadership yn Ljouwert dien en dêr in soad gearwurke mei ynternasjonale studinten. Dat fûn se fantastysk. "Ek omdat we dan hiel folle dielden mei-inoar, mei it iten foaral. Fan dy jûnen dat wy iten probearren fan alle lannen. En ek kultuer mei-inoar diele, natuerlik. En ik ha se ek wol in stikje Fryslân sjen litten, dat wie hiel tof."
Maryse Brandsma hat de stúdzje Global Responsibility and Leadership dien