'Bêste bachelor' lûkt studinten út hiel Europa nei Ljouwert

De FryslânDOK-rige 'Yes we can' fertelt it ferhaal fan fjouwer bûtenlanske studinten. Se dogge 'Global Responsibility and Leadership' oan Campus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 2021 is dizze stúdzje útroppen ta 'Beste bachelor' fan Nederlân en lûkt idealistyske studinten út hiel Europa.
FryslânDOK 'Yes we can' diel 2
Sneon 15 oktober NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.20 oere)
Snein 16 oktober Omrop Fryslân 17.00 oere
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Universitêr dosint Sepideh Yousefzadeh komt út Iran. Har fakgebiet is sûnenswittenskippen. Se jout op Campus Fryslân ûnder oaren it fak 'Responsible Activism and Global Health'. Ek op in universiteit is it wichtich om mei je gefoel te learen, neist it learen mei de holle. Keunst, seit se, is dêr it oanwiisde middel foar. Yousefzadeh waard dit jier nominearre foar Best Teaching Practice Award, troch de Ryksuniversiteit Grins.
Sepideh Yousefzadeh, dosint Campus Fryslân © RUG
De oarloch yn Oekraïne hâldt alle studinten bot dwaande. De lessen fan Sepideh Yousefzadeh liede ta in "Artivism for Ukrain" dei - in kombinaasje fan keunst en aktivisme. Hoe is it foar jonge minsken om harsels ferantwurdlik te stellen foar grutte fraachstikken fan de takomst, as klimaatferoaring, earmoed en sosjale ûngelikens?
It freget nochal wat fan harren. Hoe soargest derfoar datst net al te folle gewicht op de skouders nimst? De FryslânDOK-searje 'Yes we can' folget de fjouwer Ljouwerter ynternasjonals Lina út Letlân, Linnea en Lea út Dútslân en Mariana út Portugal.
Lea en Mariana yn 'Yes we can' © Gerko Jonker
Indira van der Zande, opliedingsdirekteur fan Campus Fryslân