Omrop Fryslân

Filmmakker Steven de Jong: "Grutte Pier is in held foar my"

Al sûnt 2018 wurket regisseur Steven de Jong oan de film oer Grutte Pier. Meikoarten giet de film yn premjêre. "En dit diel ien is noch mar it begjin, we ha noch mar in tredde ferteld."
Regisseur Steven de Jong (60) makket al mear as tritich jier films. Syn cv is lang: neist film- en telefyzjeregisseur is er akteur, senarioskriuwer, produsint en muzykleafhawwer. Alles komt by elkoar yn syn nijste projekt oer Grutte Pier.
"Grutte Pier is foar my persoanlik wol in held, mar hy hat ek ferskriklike dingen dien. Ik wol him sjen litte as in minske fan fleis en bloed. Hy stiet ergens foar en giet ergens foar. Hy striidt foar syn frijheid en wol him wreke foar de dea fan syn frou en bern." De regisseur sjocht ek parallellen mei de oarloch yn Oekraïne. "Eins is der net folle feroare, it giet noch altyd om 'landjepik', jild en macht."
It is net dé wierheid, mar myn wierheid.
Steven de Jong oer syn film oer Grutte Pier
De Jong seit mei klam net in histoarysk ferantwurde film makke te hawwen. "It is gjin dokumintêre. Ik pak alle frijheid, it is in ynterpretaasje. We fertelle in ferhaal wat him oerkaam is, ik wol de psyche fan dy man sjen litte, hoe't er ta syn dieden komt. Wat wie syn inerlike driuwfear? It is net dé wierheid, mar myn wierheid."
Pier Gerlofs Donia (1480-1520) fan Kimswert wie boer, mar waard foaral bekend as Grutte Pier. By in plondertocht fan Saksyske hierlingen en Frjentsjerters baarnde syn buorkerij ôf. Mei oare lotgenoaten besleat er te striden tsjin de Saksyske oerhearsking en letter de Habsburgers.
Haadrolspiler yn de Fryske film is Milan van Weelden (út Zoetermeer), in akteur fan goed twa meter, sterk en breed. Der is Fryske ynbring fan ûnder oare Elske DeWall (se spilet Rintsje, de frou fan Pier) en Syb van der Ploeg dy't in freon fan Pier spilet. Yn de film spilet de Nederlânske akteur Bram van der Vlugt syn lêste rol. "Hy wie al 86 jier en hiel bang foar corona. Foar de grap seinen we dat we al syn sênes alfêst draaie moasten. 'Als ik doodga, moet je wel de film aan me opdragen', sei er laitsjend. En trije moannen letter wie er dea."
Grutte Pier is mear as allinne de film, it is in projekt, mei ek in muzykalbum. "Yn coronatiid is dat idee foar in album ûntstien. Muzyk is hiel belangryk yn myn films. Muzyk is gefoel en emoasje en yn film draait alles om emoasje." Op it album, dat no al beskikber is, stean tsien nûmers en de filmmuzyk.
Grutte Pier giet yn premjêre op 28 oktober yn Theater Sneek yn Snits., besjoch alfêst de trailer:
As ûnwis jonkje hie Steven de Jong op de basisskoalle yn Skarsterbrêge in dream. "Ik fûn ien ding leuk en dat wie toanielstikjes opfiere. Hoewol't ik ferlegen en gefoelich wie, woe ik my wol profilearje." Heit spile ek toaniel en mem die oan foardrachten mei, mar Steven moast letter in gewoane baan sykje. "Ik kom út in arbeidersmiljeu, we hienen gjin dûs, auto of telefoan. Dus dat wie moai, dy dream fan my, mar kinst der gjin bôle fan keapje, sei ús heit."
Stie ik healwei fiven moarns tsien shagpûdsjes tusken twa klemmen te dwaan. Doe naam ik my foar om myn dreamen nei te jeien.
Steven de Jong oer syn jongesdream
Nei de lânbouskoalle kaam er oan it wurk by Douwe Egberts. "Stie ik healwei fiven moarns tsien shagpûdsjes tusken twa klemmen te dwaan. Doe naam ik my foar om myn dreamen nei te jeien." Hy begûn in platewinkel en folge opliedingen oan de media-akademy.
Ek stie er ynskreaun by in castingburo yn Amsterdam en sa kaam er as gastakteur by de doe hiel populêre Nederlânske searje Zeg 'ns Aaa. "Dat wie myn earste betelle roltsje. Ik mocht trije ôfleveringen meidwaan." Miljoenen minsken seagen dernei om't der doe noch mar twa stjoerders wienen.

Senuwachtich foar screentest

Dêrnei waard er frege foar in fêste rol yn de searje Spijkerhoek, in produksje fan Joop van den Ende. "It wie hiel tof om te dwaan, mar ik fernaam dat ik folslein ôfhinklik wie fan de regisseur en de produsint. En ik fûn castings freeslik om te dwaan, wie altyd hiel senuwachtich foar in screentest."
Doe't syn agint sei dat der plak wie foar in assistint-regisseur by de ek populêre searje Medisch Centrum West pakte er dy kâns mei beide hannen oan. "Sa koe ik fansels in soad leare, dus ik weage dy sprong en kaam by Guido Pieters oan it wurk. Dat wie hiel swier. Der is in sterke hierargy op sa'n set en alles wat fout gie, wie myn skuld. Ik ha wolris jankend op de gong stien. Nei in healjier bin ik sa lilk wurden. Ik sei 'sykje mar in oare hûn' en doe wie it oer en ha we noch oardel jier gearwurke."

Baas boppe Baas

Nei't er jierren yn de Rânestêd wurke, woe er tichter by hûs oan de slach. Foar Omrop Fryslân makke er de earste regiosoap Baas boppe Baas (2001-2004). "Dat wie eins in eksperimint. De doetiidske direkteur woe wat mei drama dwaan. Mei Rense Westra yn de holle hie ik in format betocht lykas de Amerikaanske sitcom All in the family mei Archie Bunker. En sa is de earste regiosoap ûntstien, it wie in skot yn de roas."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
De Jong wurdt wol de 'Friese regisseur' neamd. "Ik ha yn Hilversum in protte leard en ek mei plezier wurke, mar ik miste de ferhalen fan it plattelân. As jonkje seach ik nei Sil de strandjutter en Bartje, mar letter gie it folle mear oer de Rânestêd. Ik bin bewust yn dat gat sprongen, dy ferhalen moatte ek ferteld wurde. Ik wol dingen dwaan dêr't ik myn siel yn stopje kin. Ferhalen dêr't ik yn leau. Wat persoanliker, wat better."

De Gouden Swipe

Syn spylfilmdebút makke er al earder, yn 1995, mei de film De Gouden Swipe. De titelsong In nije dei fan De Kast waard in grut sukses. "Ik koe Syb (van der Ploeg, red.) al út de tiid dat ik myn platewinkel hie. Hy siet doe noch yn in coverband. Syb sei 'as dy film der komt dan meitsje we der in liet by'. Uteinlik hat it wol sân jier duorre foardat de film draaid wurde koe. Doe't se my fregen yn de oefenromte te kommen om it nûmer te hearren, hie ik fuort pikefel."
By Omrop Fryslân waard it nûmer in soad draaid, de film wie yn mear as hûndert doarpshuzen te sjen en sa ûntstie in soarte fan hype.
"Fanwegen myn platewinkel hie ik kontakt mei de platemaatskippij en mocht ik alle wiken in tip jaan foar de Top 40. Dat waard De Kast fansels. De platemaatskippij miende dat 'dat Fries niet gaat werken in de rest van het land'. Mar nei't De Kast in jier nei it konsert yn it Abe Lenstrastadion de liveferzje útbrocht, kaam it wol moai yn de Top 40. It helle krekt net nûmer 1 om't Candle in the wind fan Elton John doe út it neat op 1 kaam, dat hie fansels mei de dea fan prinses Diana te krijen."

Top 4 fan Steven de Jong

Artyst Nûmer
De Kast In nije dei (út De Gouden Swipe)
De boswachters Wind door mijn haren (út De Kameleon)
Milan van Weelden en Elske DeWall Do bist myn lân (út Grutte Pier)
Grutte Pier Project mei Carla deBruine (Grutte Pier) Skriem om my (út Grutte Pier)

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.