Atsje Lettinga: "By MeM kinst wat fan dysels ûntdekke fanút de basis fan frijheid"

Mei har freon Sander Stienstra hat Atsje Lettinga Paviljoen MeM yn Bûtenpost. In dekôr foar muzyk, teäter en mear. "Je kinne hjir wêze wa't je binne, troch de burgenheid fan MeM."
Se hat hast twa wiken fakânsje. En dat is nedich nei tal fan eveneminten op poaten set te hawwen. Atsje Lettinga (55) biedt yn Paviljoen MeM (Muzyk en Minsken) plak foar útinoar rinnende aktiviteiten. De iene dei muzyk, dan wachtsje der workshops, om dêrnei wer in brulloft yn goede banen te lieden.

Yn de bosk fan Egypte

"Troch corona binne in soad dingen net trochgien. Om dy reden skoot it allegear op. It is dan ek net om 'e nocht dat wy de ôfrûne wiken somtiden 14 oant 17 oeren deis makken. Dêrom geane we ynkoarten op fakânsje. Tiid foar besinning", seit Lettinga.
Doe't se op in dei op Marktplaats omstrúnde, foel har each op it gebou dat midden yn 'e bosk fan Egypte stiet. "Sander en ik wiene hjirfoar ek in soad mei muzyk en teäter dwaande. Mar dan yn de tún. Mei min waar koest dus neat dwaan. 'It soe moai wêze as we in hok hiene dêr't we mei min waar yn gean kinne', seine we."
Kinst hjir wêze wa'tst bist.
Atsje Lettinga oer har poadium
Dat 'hok' foel dus wat grutter út as ferwachte. Want it pear naam yntrek yn it ymposante, koepelfoarmige gebou. It paviljoen is makke fan hout en hat in behoarlik heech dak. "Dy hichte docht wat mei dy, fernimst. It soarget foar in bepaalde enerzjy. En dat fiele de gasten ek", seit Lettinga. It paviljoen is oarspronklik boud foar Kulturele Haadstêd 2018 en stie doe yn de Ljouwerter Prinsetún.
"Koartlyn kamen hjir minsken foar in gearkomste. 'Ik hoopje dat jim fernimme dat de djipgong fan de gearkomste oars wêze sil troch de romte', fertelde ik har. Ik hie gelyk, hearde ik efternei. Dat komt omdatst dy hjir net ferbergje hoechst en wolst. Kinst hjir wêze wa'tst bist, troch de burgenheid fan MeM."

Wâldpykpaad

Ek de lokaasje fan it pân draacht dêroan by. MeM is nammentlik omjûn troch it Egyptebosk fan Steatsboskbehear. Yn coronatiid besleaten Lettinga en har freon hjir in kuierrûte te kreëarjen: it Wâldpykpaad. Se planten oeral pealtsjes, sadat passanten sels harren rûte kieze koene. "Krekt as yn it libben", seit Lettinga.
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
"Wy koene yn dy tiid net folle dwaan. Dus dan sjochst wat wol mooglik is. En op dizze wize ûntdekke minsken wer nije gebieten. Want kinst sa hearlik fan de bewende paden ôfwike. Dêr hâld ik fan."

Helpe mei haptoterapy

Njonken har te ûntfermjen oer MeM is Lettinga ek haptoterapeut. Se leart kliïnten troch petearen, ûnderfiningsoefeningen en oanrekking harkje te litten nei harren lichem. "Der binne in soad minsken dy't druk en leed ûnderfine. Se witte net hoe't se fierder moatte. Dêr komme je net allinnich út."
Gewoanwei is de simmer in rêstige perioade kwa klanten. Dat wie no lykwols oars. De praktyk siet fol. "Ast my bellest wil ik wol sa gau mooglik helpe kinne. Want it momint dat ien kontakt opnimt, is it momint dat je deroan ta binne. Om dy reden wol ik binnen fjirtjin mei dyjinge ôfprate."

Gûle yn de supermerk

Sels komt se it bêste ta rêst mei muzyk. In meditatyf middel, sa seit se. Benammen by it hearren fan Barbra Streisand komme de triennen by har op. "It is lestich út te lizzen, mar by har muzyk en stim reitsje ik oandien. Sels as ik yn de winkel bin en ik hear har, moat ik útsjen dat ik net begjin te janken, haha", fertelt Lettinga, dy't sels ek graach sjongt en dêrneist sjongles jout.
"Ik wol it berik dat der oarspronklik wie wer foar it ljocht komme litte. Witst datst by in bern dat tweintich wiken yn de búk sit al in soad witst oer it berik? Spierdikte, hichte fan de kaak, allegear saken dêr'tst dat oan ôfliede kinst."
Ik kin my maklik oan wat oerjaan om't ik hiel bot yn it momint libje.
Atsje Lettinga
It mei dúdlik wêze: de talinten fan Atsje Lettinga beheine har net ta it opsetten fan eveneminten mei in kreative ynslach. Mar dat lit har inerlike fjoer wol it measte oplôgje.
"Ik fûn it altyd al moai om dingen te betinken. Rûn faak foarop. Ik kin my maklik oan wat oerjaan om't ik hiel bot yn it momint libje", fertelt se. "It sykjen fan ûntwikkeling, mei elkoar moaie dingen dwaan, en wat ûntdekke fan dysels dêr'tst neat fan ôfwist. Dat wol ik by MeM bewurkstelligje, fanút de basis fan frijheid. Dat is myn dream."

Fol ideeën

Underwilens bliuwe de ideeën har troch de holle sjitten. "We sieten deroan te tinken om fêste mominten yn te plannen by MeM, mei in poel fan artysten. Dy wurde dan willekeurich oan in jûn keppele. It is krekt as blyn in ticket op Schiphol keapje. Je witte net wat je krije", fertelt se entûsjast. "Mar goed, dat moat him noch efkes útkristallisearje. Mar earst mar ris op fakânsje."

De top 5 fan Atsje Lettinga

Artyst Nûmer
Jan Tekstra It wetter
Leaf Wonderwoman
Barbra Streisand People
Bløf Harder dan ik hebben kan
SA Kom maar thuis bij MeM