Muzikant Wiebe Kaspers begjint op 'e nij: "Ik wol hiel graach grutter"

Kaspar © www.kaspar.nu
As Kaspar begjint Wiebe Kaspers, earder frontman fan de band Wiebe, oan in nij muzikaal libben. Kompleet mei in bertekaartsje en in poppebak wie lêsten de presintaasje, sneon is syn earste konsert.
"Foar myn gefoel ha ik hjir myn hiele libben nei talibbe. Fan it momint ôf dat ik it idee krige 'hee, ik wol sels dy sjonger wêze dy't op it poadium stiet", fertelt Wiebe Kaspers (1990) oer syn werberte. Fan jongs ôf oan wit er al wat er wol, mar die er dat net om't er tefolle rekken hâlde mei wat om him barde. "As ik no in nûmer skriuw, doch ik wat ik eins altyd al woe. En no kin it ek."

Frijheid

Maklik wie it net, om dizze stap te setten. Mei Daan Slagter (drums) en Florian den Hollander (bas) en himsels op piano brocht de band Wiebe trije albums út. It earste ferskynde yn 2015. "Ik tocht dat we as band trije kear sa hurd gean soenen, mar ik kaam derachter dat ik sa net wurkje. Ik wol bepale wat der bart, om't it yn myn holle altyd hiel fluch giet. As ik tefolle rekken hâld mei wat derom my hinne bart, slút ik mysels enoarm op. Ik moast mear frijheid hawwe en sa is Kaspar ûntstien."
Ik wol minsken net teloarstelle, mar ik kin mysels eins allinne mar de frijheid jaan as ik de regy yn hannen ha.
Wiebe Kaspers oer syn beslút
Syn beslút hie er op papier set, by it foarlêzen hâlde er it net drûch. Foar Daan en Florian kaam it nijs ûnferwachts. "As 'donderslag bij heldere hemel'. En ik begryp hiel goed dat der in hoop feroaret en dat dat lestich is. We bliuwe gewoan mei elkoar spyljen, mar se binne in diel fan de regy kwyt."
Foar dizze band siet er earder yn in muzykteäterduo (2006-2013) en dêr makke er itselde mei. En ek dêr skytskoarre er der tsjinoan om op te hâlden. "Ik wol minsken net teloarstelle, mar ik kin mysels eins allinne mar de frijheid jaan as ik de regy yn hannen ha."

Muzikale jeugd

Wiebe Kaspers groeide op yn Jorwert. Muzyk spile al betiid in grutte rol yn syn libben. "De Top2000 wie thús fêste prik en fierder waard muzyk draaid fan ûnder oare Paul de Leeuw en Acda en De Munnik. Wylst de jierren 90 techno fan myn âldere broer troch de tinne wandsjes kaam, siet ik yn de keamer derneist in tredde stim te sjongen by it twastimmige duo Simon and Garfunkel."
Yn it radioprogramma Noardewyn hat presintator Willem de Vries op moandeis oant en mei tongersdeis 1 op 1 petearen mei minsken út de kulturele wrâld. Harkje tusken 18.00 en 19.00 oere, belústerje it as podcast of besjoch it YouTube. Op freeds is Noardewyn Live, it muzikale doarpsplein fan Fryslân, mei allerhanne livemuzyk te hearren tusken 18.00 en 19.00 oere. Dy optredens binne sneontejûns op telefyzje te sjen.
Al op syn fiifde kaam er yn de kunde mei de piano. "Dy hienen de buorlju by de dyk set en ús mem soarge dat er yn 'e hûs kaam." Hy krige muzykles en spile ferskes nei dy't er op de radio hearde en op kassettebantsjes opnaam.
"Op myn achtste hie ik in ymprovisearre drumstel, twa jier letter kaam der in echt drumstel en learde ik ek gitaarspyljen." Ek begûn er al op jonge leeftiid mei it skriuwen fan ferskes.

Spylje by Paul de Leeuw

Syn dream wie om pianist te wêzen by in bekende sjonger. En dy dream kaam yn 2004 út. Nei't er in mail stjoerde nei it programma fan Paul de Leeuw mocht er by him yn de útstjoering komme. Op syn 15de hie er syn earste optreden, doe't er as pianist ynfalle moast yn in restaurant yn Froubuorren. "Ik naam myn cd-spiler, cd's en eardopkes mei, want ik spile altyd mei de radio mei, dus dat moast no ek sa. It hat fêst in raar gesicht west, mar der siet wol in briefke fan 50 euro tusken de toetsen."
De Noardewynpodcast 1 op 1 mei Wiebe Kaspers is te beharkjen op Spotify, fia Apple en yn de podcast-app fan Omrop Fryslân.
Al dy tiid hie er allinne spile, dat feroare doe't op syn middelbere skoalle in skoalband oprjochte waard. "Ik siet doe yn de fjirde klasse. Dat wie myn earste erfaring om mei oaren te spyljen."
As Kaspar skriuwt er de Ingelsk- en Frysktalige nûmers allinne, mar siket er der yn de útfiering muzikanten by. "Ik bliuw spyljen mei Daan en Florian en sil ek gearwurkje mei oare muzikanten, ûnder oare strikers."
It wie tefolle bas, drum, piano. Ik moast my ferrasse litte troch oare dingen.
Wiebe Kaspars oer syn werberte as Kaspar
Hy spilet al jierren in soad mei Syb van der Ploeg. "It nûmer 'In nije dei' fan De Kast kaam út doe't ik in jier as sân wie. Ik harke in soad nei har muzyk en no stean ik hiel faak mei Syb op it poadium, bizar eins."
De sjonger is in soarte fan mentor foar Wiebe en hy wie it ek dy't him sei dat der mear kleur yn syn muzyk moast. "It wie tefolle bas, drum, piano. Ik moast my ferrasse litte troch oare dingen, sei er. En dat gebeurt no en dat is hiel leuk. Ik wol per nûmer en per optreden sjen wat der it bêste by past."

Perfeksjonist

Ambysjes hat er genôch. "Om de twa jier in album útbringe is in dream, mar elke trije moannen in single útbringe is it earste doel."
En hy wol foaral in soad spylje, fan húskeamerkonserten oant sealen fol minsken. "Ik wol hiel graach grutter." En dêrby stribbet er nei perfeksje, it perfekte ferske, de perfekte melody mei de perfekte akkoarden en de perfekte tekst. Dêrfoar moat er skave en ôfbouwe. "Ik hâld fan puzeljen, it skriuwen giet net maklik, mar it giet hieltyd mear op gefoel."
Meikoarten komt der wer in bertekaartsje, want Wiebe Kaspers wurdt heit. Sûnt in jier wennet er wer yn syn berteplak, krekt bûten Jorwert, dêr't er yn coronatiid syn hûs ferboude en opknapte.
Kaspar treedt 8 oktober op yn Theater Sneek. Sjoch foar mear ynformaasje op syn webside.

De top 3 fan Wiebe Kaspers

Artyst Nûmer
Bruno Mars, Anderson .Paak, Silk Sonic Blast off
Eva Cassidy Fields of gold
Jeff Buckley Grace (live)