CNV docht appèl oan kabinet: "Bied in breder pakket om ynflaasje op te fangen"

CNV Vakmensen-foarsitter Piet Fortuin fan Drachten © Omrop Fryslân
It fakbûn CNV Vakmensen lûkt oan de alarmbel oer de ynflaasje yn Nederlân. Foarsitter Piet Fortuin docht in oprop oan it kabinet foar bredere stipe: "Want sa't it no giet, sa hâlde wy it net oerein."
Yn july kaam de ynflaasje út op sa'n 10,3 persint, sa die bliken út sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Foar it earst sûnt 1975 is de ynflaasje heger útkaam as 10 persint.
Enerzjy wie 108 persint djoerder as in jier earder, de hieren namen mei sa'n 3 persint ta en iten waard sa'n 12,3 persint djoerder.
"It rekket no yn in fersnelling", sa konkludearret de Drachtster CNV-foarsitter Fortuin. "Earst wie foarsein dat it nei de simmer ôfflakke soe, mar dat is net sa. It giet net allinne om de benzine en de enerzjy, mar ek de boadskippen."
Minsken reitsje yn de problemen mei har boadskippen © ANP
In soad húshâldingen kinne 300-400 euro ekstra kosten de moanne net opbringe, skat Fortuin yn.

Middenynkommens yn de problemen

Voedselbanken Nederland hat tongersdei oanjûn dat it drok by de Voedselbanken bliuwt, wylst it gewoanwei stiller is yn de simmerperioade. De simmerdip bliuwt út. "Dat is in earste teken, hieltyd mear minsken melde har dêr", seit Fortuin.
CNV docht in appèl oan kabinet om de ynflaasje op te fangen
Hy wiist der lykwols ek op dat net elts yn oanmerking komt, wylst ek lege- en gewoane middenynkommens yn de problemen komme. "De plysjeman, de ûnderwizer, de masinebankwurker. It kabinet hat wat dien foar de echte minima, mar dat is lang net mear genôch."

Dit moat der barre, fynt it CNV

It kabinet moat wat dwaan, fynt Fortuin. Dat kin wat him oanbelanget fia de belestingen, aksynzen of BTW-tariven. "As der mar wat bart. As wy der net om tinke, krijt ien op de trije minsken echt problemen."
Nederlanners wurde konfrontearre mei in hege enerzjyrekken © ANP
Dêrnjonken fynt it fakbûn dat der leansferheging komme moat. "Dy sit no sa tusken de 3-4 persint, mar dat moat echt mear. Want tsjin dizze ynflaasje kinne wy net ûnderhannelje."
Foarsitter Piet Fortuin fan CNV Vakmensen
Fortuin strûpt de mouwen op foar de CAO-petearen, want dy rinne noch net goed. "Dat fernuveret ús. De enerzjysektor, supermerken en banken fertsjinje bêst jild, mar komme net oer de brêge. As it net komt, moatte wy dochs it aksjewapen út de kast helje om druk te setten."

Noed oer sinjalen út Den Haag

Dochs hat Fortuin soargen oer de earste sinjalen dy't er fan it kabinet krijt, hy hat kontakt mei de koälysje. "Want it liket wol dat sy wat dwaan wolle, mar it giet om in hiel doelfêste stipe. Dat is net genôch. It moat rommer, mar ik bin net hoopfol oer in breed pakket op Prinsedei."
De foarsitter fynt dat de polityk yn Den Haag faak te let skeakelet, mar pas yn de winter yn aksje komme, is wat him oanbelanget te let.