Fjouwer kear safolle seehûnen fêst yn plestik ôffal as alve jier lyn

Yn july kaam seehûn Tefiti by Skiermûntseach fêst te sitten yn ôffal © Martina Zilian
It seehûnesintrum yn Pieterburen lit kommend wykein de seehûn frij dy't earder op Skiermûntseach fûn waard, mei slimme ferwûnings troch ôffal. It bist mei de namme Tefiti stiet symboal foar in hieltyd grutter wurdend probleem.
Wittenskippers fan it seehûnesintrum yn Pieterburen, ASeal en Ecomare ha mei it Max Planck Instituut nammentlik oantoand dat it tal seehûnen dat de ôfrûne alve jier yn ôffal fêst siet yn, op syn minst ferfjouwerfâldige is yn Nederlân.
De wittenskippers ûndersochten fan 2010 oant 2020 data fan seehûnen dy't ferwûne rekken troch plestik ôffal yn see. It ûndersyk toant oan dat der foaral fan 2018 ôf in sterke tanimming te sjen is. Dêrfoar gong it om sa'n sân seehûnen it jier, mar yn 2019 en 2020 wienen it der respektyflik 38 en 37.

Offal út fiskerij

By ferstrikking snijt it ôffal yn parten fan it lichem, sa as de nekke of flappen, dêr't slimme ferwûnings by ûntstean kinne. Yn 88 prosint fan de gefallen gie it om ôffal ôfkomstich út de fiskerij.
Benammen grize seehûnen wurde slachtoffer, seit bistedokter Anna Salazar-Casals. "Die zijn nieuwsgieriger dan gewone zeehonden. Daardoor komen ze vaker in contact met vissers en raken ze ook vaker verstrikt."
It ûndersyk toande ek oan dat sa'n 70 prosint fan de seehûnen nei it opfangsintrum ta brocht wurde kin of te plak holpen wurde kin, mar yn 20 prosint fan de gefallen is it net mooglik om by it bistke te kommen en yn 10 prosint fan de gefallen is de seehûn al dea.
Seehûn Tefiti wurdt fersoarge yn Pieterburen © Martina Zilian
Tefiti koe wol holpen wurde. "Het was een heel diepe wond, maar gelukkig was die niet ontstoken."

Better opromje

It seehûnesintrum ropt op in eigen stientsje by te dragen troch de strannen op te romjen. Dat kin sels of troch bygelyks mei te dwaan oan organisearre beach clean ups. Want yn lang net alle gefallen rint it goed ôf mei de seehûn, en foarkomme is better as genêze.
"Maar tegelijk komt dit probleem niet door één of twee personen", seit Salazar-Casals. "Dit moet op hoger niveau aangepakt worden. Zonder regels of wetten kunnen we niet veel doen."