"Itselde resultaat as ferline jier soe de haadpriis wêze foar sc Hearrenfean"

Roelof de Vries © Omrop Fryslân
It nije earedivyzjeseizoen set freed útein mei de wedstriid sc Hearrenfean - Sparta Rotterdam. Under lieding fan de nije trainer Kees van Wonderen sil Hearrenfean besykje om de play-offs foar Europeesk fuotbal te heljen.
Yn it ôfrûne seizoen waard Hearrenfean achtste. Dêr seach it lykwols lange tiid net nei út: de Friezen hienen in rûzich seizoen en de degradaasjestreek kaam op in bepaald stuit sels tichteby. Trainer Johnny Jansen waard oan de kant set en nei in ymponearjende einsprint ûnder ynterim-trainer Ole Tobiasen helle Hearrenfean dochs noch de play-offs om Europeesk fuotbal.

"De basis fan it alvetal stiet"

Wat binne de ferwachtings foar it nije seizoen? We leinen it foar oan sportferslachjouwer Roelof de Vries.
Hoe stiet de seleksje fan Hearrenfean derfoar? Is Hearrenfean klear foar it nije earedivyzjeseizoen?
"Ik tink dat it foar de Hearrenfeansupporters lekker is om te hearren dat de basis fan it alvetal stiet foardat it seizoen begjint. Dat hat de ôfrûne seizoenen wolris oars west. Faak kaam dat trochdat de klup wachte op de ferkeap fan spilers, lykas Chidera Ejuke. Dêrtroch moast Hearrenfean wachtsje op jild en koe it noch net ynvestearje.
No is der lykwols wat mear om út te jaan en technysk manager Ferry de Haan hat fuort trochpakt. Boppedat is der hast gjin spiler fuortgien. Alteast, hast gjin basisspilers: Erwin Mulder, Nick Bakker en Ibrahim Dresevic makken noch de measte minuten.
Der binne yn totaal njoggen spilers fuortgongen en oant no ta binne der fiif foar weromkaam: Alex Timossi, Mars Köhlert, Andries Noppert, Hussein Ali en Simon Olsson. En dan wol Ferry de Haan noch in ferdigener en in spits."
Mei Kees van Wonderen hat Hearrenfean in nije trainer. Wêryn sjogge we daliks syn hân werom?
"Ik tink dat we weromsjogge dat de organisaasje goed stiet. Dat klinkt miskien net sa spektakulêr, mar is wol hiel belangryk. Se sille sa as it no stiet faak mei in 5-3-2 opstelling begjinne, mar se kinne it ek feroarje nei 4-3-3. Dat sil fan de tsjinstanner en de situaasje yn de wedstriid ôfhingje.
By 5-3-2 steane Van Hooijdonk en Sarr yn de spits en is Köhlert linksback. By 4-3-3 sil Van Hooijdonk der útgean en komt Timossi op rjochtsbûten, Köhlert op linksbûten. Kaib sil dan it plak ynnimme fan ien fan de sintrale ferdigeners. Sa kin Van Wonderen fariearje."
Kees van Wonderen by de earste training fan Hearrenfean © Orange Pictures
Wat is de falkûle fan Hearrenfean dit seizoen?
"Dat is de breedte fan de seleksje. As der blessueres komme, wol ik it noch wolris sjen. Hearrenfean spilet bygelyks mei trije sintrale ferdigeners, mar efter Van Aken, Bochniewicz en Van Beek stiet allinnich Syb van Ottele. Timo Zaal fyn ik mear in middenfjilder. Ik lit my graach ferrasse troch in jeugdspiler lykas Kaj van der Veldt.
Dêrnjonken wol Hearrenfean yn alle gefallen noch ien sintrale ferdigener oanlûke, mar dan fyn ik it wol wat tin. Itselde jildt foar de fleugeloanfallers. Mei Timossi en Köhlert hast twa earedivyzjeweardige oanfallers, mar dêrefter sit no eins allinnich Trustin van 't Loo, fan wa't ik derfan útgean dat hy benammen syn minuten meitsje sil by Jong Hearrenfean."
Wa wurdt de smaakmakker by Hearrenfean dit seizoen?
"Ik ferwachtsje in protte fan Amin Sarr. Dat fyn ik echt in hiele goeie spits. Dy makket der op syn minst 15. Hy makket sa maklik goals.
It middenfjild mei Tahiri, Haye en Halilovic kin lekker tikke, wêrtroch't der mear fuotbal yn de ploech komt. Timossi kin wolris in publyksspiler wurde en ik hoopje stikem op de trochbraak fan Timo Zaal. Hy is noch mar 18 jier, mar hy is sa komfortabel oan de bal. Dêr bin ik wol benijd nei."
Wat meie we dit seizoen realistysk sjoen fan Hearrenfean ferwachtsje?
"Meist bêst wol wat fan dizze ploech ferwachtsje, mar itselde resultaat as ferline seizoen soe al in soarte fan haadpriis foar Hearrenfean wêze. Kwa spilersbudzjet en salarishûs heart Hearrenfean gewoan net mear by it linkerrychje, dus as je dan achtste of njoggende wurde, dan dogge je it echt goed.
Dochs tink ik dat dat wol helber is. FC Grins en NEC binne ploegen dy't ik as konkurrint sjoch en sy hawwe ek aardich ynvestearre. Ploegen as FC Emmen en Fortuna Sittard ha dat ek, wylst in ploech as Vitesse troch de problemen mei de Russyske eigener minder oankocht hat en miskien wol ôffalle sil. In plak tusken 7 en 12, dat doar ik wol oan. Moat ik in konkreet plak sizze? No, toe dan mar, njoggende, dat wurdt it."
De wedstriid sc Hearrenfean - Sparta Rotterdam set freed om 20.00 oere útein. De wedstriid is live te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Roelof de Vries.