Hearrenfean hellet Sweedske middenfjilder Simon Olsson

Simon Olsson tekenet by Hearrenfean © sc Heerenveen
Sportklup Hearrenfean hat him fersterke mei de 24-jierrige Sweedske middenfjilder Simon Olsson. Hy komt oer fan IF Elfsborg en tekenet in kontrakt foar fjouwer seizoenen.
Olsson spile yn totaal 162 wedstriden foar Elfsborg. Dêryn skoarde hy 13 kear en joech hy 16 assists.
Technysk manager Ferry de Haan hat hege ferwachtingen fan Olsson. "Hij is een technisch vaardige, dynamische en creatieve middenvelder met een goed loopvermogen om ook regelmatig in het strafschopgebied van de tegenpartij op te duiken. Hij heeft het bij Elfsborg uitstekend gedaan en werd daar door zijn speelstijl ook omarmd door het publiek."
Olsson is nei Amin Sarr, Rami Al Hajj, Rami Kaib, Alex Timossi en Hussein Ali de sechsde Sweed dy't dit seizoen ûnder kontrakt stiet by Hearrenfean.