Omrop Fryslân

Van Wonderen kiest foar Noppert as earste doelman by sc Hearrenfean

Andries Noppert yn de tarieding
© Orange Pictures
Andries Noppert wurdt dit seizoen de earste keeper by sc Hearrenfean. Dat hat trainer Kees van Wonderen tongersdei oan de spilers witte litten.
De Fryske doelman krijt dêrmei de foarkar boppe Xavier Mous. Noppert kaam dizze simmer tegearre mei Van Wonderen oer fan Go Ahead Eagles.
Mous wie ôfrûne seizoen ek al twadde doelman fan Hearrenfean. Nei in blessuere fan Erwin Mulder kaam er wol sechtjin kear yn aksje yn de earedivyzje.
Mulder ferliet Hearrenfean dizze simmer transferfrij. Hy hat noch gjin nije klup.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.