Ald-Hearrenfeandoelman Mulder nei Go Ahead Eagles

Erwin Mulder yn syn lêste wedstriid foar sc Hearrenfean © Orange Pictures
Dêr't doelman Andries Noppert dizze simmer de oerstap makke fan Go Ahead Eagles nei sc Hearrenfean, folget keeper Erwin Mulder no it omkearde paad. Hy tekenet foar ien jier yn Deventer.
Mulder spile fjouwer seizoenen foar sc Hearrenfean: earst fan 2015 oant en mei 2017. Doe makke er de oerstap nei Swansea, mar de ôfrûne twa jier stie er wer ûnder de latte yn Fryslân.
Syn kontrakt yn it Abe Lenstra Stadion waard net ferlinge en dus moast de 33-jierrige doelman op syk nei in nije wurkjouwer. By Go Ahead Eagles wie der in fakatuere, nei't Noppert syn coach Kees van Wonderen folge nei It Hearrenfean.

"Mooiste wat er is"

"Als het even kan, wil ik tot mijn veertigste keeper in het profvoetbal blijven", seit Mulder. "Al moet het fysiek allemaal wel mogelijk zijn, uiteraard. Maar als keeper op het veld staan, is het mooiste wat er is."