Simon Olsson liet him oertsjûgje troch freon Rami Kaib om nei Hearrenfean te kommen

Simon Olsson © sc Hearrenfean
Simon Olsson is de sechsde Sweed yn de seleksje fan sportklup Hearrenfean. Hy kaam mei tanksy ploechgenoat en freon Rami Kaib nei Fryslân.
Simon Olsson spile hast syn hiele karriêre by IF Elfsborg. Hy groeide op yn Linköping en spile dêr by de pleatselike klup IK Östria Lambohov. Op syn 15de ferhuze hy nei de stêd Borås, nei de klup IF Elfsborg. In subtopper yn Sweden.

Multyfunksjoneel

By IF Elfsborg groeit hy al gau út ta in fêste wearde op it middenfjild. Dêr spilet hy eins op alle posysjes: as ferdigenjende middenfjilder, as oanfallende middenfjilder en eins alles wat dêrtusken yn sit.
"Ik bin komfortabel mei de bal en wol graach de bal ha. Immen mei in goeie pass. Ik bin foaral in 10 en in 8, mar ik ha ek wol as in kontrolearjende middenfjilder spile, mar ik bin minder yn it ferdigenjende wurk, dus ik spylje leaver wat heger op it fjild."
Simon Olsson oer de Sweden by Hearrenfean
By Hearrenfean treft Olsson fiif oare Sweden. Hearrenfean hat yn de skiednis yn totaal 24 Sweden yn de seleksje hân. Marcus Allbäck en Stefan Selakovic wiene yn 2001 de earste Sweden dy't nei Fryslân kamen.
De seleksje fan no bestiet njonken Olsson ek út de Sweden Hussein Ali, Alex Timossi, Amin Sarr, Rami Kaib en Rami Al Hajj. Mei Kaib treft hy sels in âld-ploechgenoat. "We gongen mei syn twaen nei Elfsborg doe't we 15 of 16 wienen. Doe spilen we yn allegear jeugdteams. Ik tink wol sân jier. We kinne elkoar echt hiel goed."
De wedstriid Hearrenfean-Sparta begjint freedtejûn om 20.00 oere en is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. De kommintator is Roelof de Vries.
Kaib, dy't no oardel jier yn Hearrenfean spilet, wie nochal posityf oer Hearrenfean. " It is in grutte famylje, sei hy. Kinst dy konsintrearje op it fuotbal en silst allinnich mar better wurde hjir."
In kwisfraach foar Simon Olsson
Hearrenfean treft freedtejûn Sparta yn de alderearste kompetysjewedstriid fan it nije seizoen. Kees van Wonderen kin dat dwaan mei in folslein fitte seleksje.
Yn de lêste oefenwedstriid tsjin Excelsior koe Tibor Halilovic net meidwaan. Hy sit no wol by de seleksje, mar de Kroäat sil yn elts gefal net starte. Syn plak wurdt nei alle gedachten ynnaam troch Mats Köhlert en Rami Kaib spilet dan yn de basis op de linkbackposysje.
Fermoedelike opstelling SC Hearrenfean: Noppert, Van Ewijk, Van Beek, Bochniewicsz, Van Aken, Kaib; Tahiri, Haye, Köhlert; Van Hooijdonk en Sarr.
Ole Tobiasen begjint de wedstriid op de tribune. Van Wonderen hat derfoar keazen om him dêr sitte te litten as assistint-trainer. "Je wilt graag dat je wedstrijdbegeleiding zo ingedeeld hebt dat je alles getackeld hebt. We hebben het tegen Excelsior zo geprobeerd. Ole kan ons dan van bovenaf met zijn visie feedback geven."
Tobiasen fûn dat neffens Van Wonderen wol spitich. "Hij mist dan wel de dynamiek op het veld en in de dug-out, dus hij vindt dat jammer. En dat snap ik ook wel. Het is ook geen straf of een degradatie, maar je wilt graag een ervaren trainer zoals Ole in alle rust vanaf boven de wedstrijd laten bekijken."
Kees van Wonderen: "Ik verwacht wel dat we eens in zwaar weer terecht gaan komen"
Van Wonderen hat nocht oan de start fan it seizoen, mar is ek kritysk. Hy fynt dat der noch wol wat by moat en tinkt dat Hearrenfean it ek noch wolris dreech krije kin. "Ik ben me wel heel erg bewust van de prille fase van het team waar we in zitten. Ik verwacht niet dat we even de ene na de andere wedstrijd gaan winnen."

"Wij moeten flink aan de bak"

Van Wonderen hat ek by Go Ahead Eagles boud oan in team en dat kaam foaral yn syn earste jier nei in pear moannen pas yn foarm. Hy besiket dan ek de ferwachtings wat te timperjen. "Er is een geraamte dat al stond, maar de stafsamenstelling is anders en ook in het team zijn wisselingen komen. Ik denk dat we ook nog weleens in zwaar weer terecht gaan komen. Er zullen nog een aantal fases komen waarin wij flink aan de bak moeten."