Sven van Beek oant 2025 by sc Hearrenfean

Sven van Beek © Orange Pictures
Oanfierder Sven van Beek bliuwt langer by sc Hearrenfean. De 28-jierrige ferdigener hat in kontrakt tekene oant de simmer fan 2025.
Van Beek kaam in jier lyn oer fan Willem II. Hy spile oant no ta 34 wedstriden foar Hearrenfean.
Technysk manager Ferry de Haan lit witte dat Van Beek een betroubere ferdigener is. "Hij heeft afgelopen seizoen laten zien altijd voorop in de strijd te gaan. Hij heeft zich ontwikkeld tot een van de leiders van dit team en is dan ook niet voor niets verkozen tot aanvoerder."