Cambuur spilet lyk yn generale repetysje tsjin RKC Waalwijk
SC Cambuur hat yn de lêste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen lykspile tsjin RKC Waalwijk. Yn it Mandemakers Stadion yn Waalwijk waard it 1-1.
Beide doelpunten foelen yn de earste helte. De thúsploech kaam yn de 39e minút op foarsprong troch in doelpunt fan Lennerd Daneels. Fiif minuten letter makke Milan Smit út in foarset fan Jamie Jacobs gelyk.
Cambuur begjint de kompetysje nije wike sneon mei in thúswedstriid tsjin Excelsior Rotterdam.
Leon Bergsma oer syn oerstap nei SC Cambuur
Opstelling SC Cambuur: Virgínia, Schmidt, Hoedemakers (85' Ter Heide), Jacobs, Paulissen, Tol, Bangura, Sambissa (69' Breij), Uldrikis, Smand, Smit (46' Balk).