Omrop Fryslân

Issa Kallon ferlit Cambuur foar aventoer yn Sina

Issa Kallon
© ANP
Issa Kallon spilet de kommende oardel jier yn Sina. It betsjut dat er definityf net werom komt by SC Cambuur.
De oanfaller hie in ôfrinnend kontrakt by SC Cambuur. Hy hie noch wol geregeld kontakt mei Henk de Jong en dêrom mochten de Ljouwerters dochs noch hoopje op in nij kontrakt foar Kallon.
Safier komt it lykwols net. De 26-jierrige bûtenspiler tekenet in kontrakt foar oardel jier by Shanghai Port. Nei tsien kompetysjewedstriden stiet dy klup op it sechsde plak op it heechste Sineeske nivo. Ferline jier einige Shanghai Port as twadde. Yn Sina kin Kallon goed fertsjinje.
De oanfaller slút hjoed oan by de seleksje fan Shanghai Port. Hy hat earst tsien dagen yn karantêne sitten.

Fiif jier yn Ljouwert

Kallon hat fiif jier foar Cambuur spile. Yn de simmer fan 2017 kaam er oer fan FC Utrecht. Benammen it ôfrûne seizoen hat er him goed sjen litten, wat ta ynteresse laat fan oare klups. Sa koe Kallon ôfrûne winter al nei Konyaspor yn Turkije.
It is net sa dat Cambuur alle pylken op in langer ferbliuw fan Kallon rjochte hie. Sa lei de klup earder Remco Balk al fêst op hierbasis. Hy moat as linksbûten de opfolger wurde fan Kallon.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.