SC Cambuur net fierder mei Amadou Traoré

Amadou Traoré © Dijks Fotografie
SC Cambuur giet net fierder mei Amadou Traoré. De Frânsman trainde dizze wike mei by de Ljouwerters.
De 20-jierrige bûtenspiler trochrûn de jeugdoplieding fan FC Girondins de Bordeaux en spile tweintich kear yn de Ligue 1, it heechste nivo fan Frankryk.
Moandei sleat er him oan by de seleksje en sûnt dy tiid trainde er mei. Dêr komt no in ein oan. "De wegen van Cambuur en Amadou Traoré scheiden zich voorlopig", meldt de klup. "Beide partijen gaan zich beraden op de toekomst."
Der soene ek inkelde Frânske klups ynteresse hawwe yn Traoré.