Omrop Fryslân

Seis beswieren tsjin gaswinning boppe Skiermûntseach, net fan gemeente

Mei dit platfoarm waard yn 2018 in proefboarring dien
© RTV Noord, Jeroen Berkenbosch
Der binne seis beswierskriften yntsjinne tsjin gaswinning yn de Noardsee boppe Skiermûntseach. It ministearje hat de gaswinning koartlyn goedkard. De gemeente sels hat gjin berop oantekene, meldt RTV Noord.
De gemeente hat dat net dien omdat se fia de bestjoerlike wei in oplossing fine wolle om gaswinning foar te kommen. Se wolle graach yn petear bliuwe mei steatssekretaris Hans Vijlbrief fan Mynbou. Dêrom sjogge se ôf fan in rjochtsaak.
Twa wiken lyn stjoerde Skiermûntseach mei Borkum in brief nei it Ryk mei de oprop om ôf te sjen fan de gaswinning. Boargemaster Ineke van Gent hat earder al witte litten dat se gaswinning net mear fan dizze tiid fynt. Se hopet dat de gasboarrings net trochgeane en dat foar duorsume enerzjy keazen wurdt.
Op 1 july is der in definitive fergunning oan ONE-Dyas ferliend foar de boarringen dy't njoggentjin kilometer boppe Skiermûntseach plakha sille.

Minder ôfhinklik fan Ruslân

Mei it gas dat wûn wurdt, moatte Nederlân en Dútslân minder ôfhinklik meitsje fan Russysk gas, is de motivaasje fan de oerheid en it gasbedriuw. Guon beswiermakkers fine dat gjin goed idee.
De seis beswiermakkers binne aksjegroep Werkgroep Horizon Schiermonnikoog, stichting Wereld Natuur Fonds Nederland, Deutsche Umwelt Hilfe en twa yndividuele boargers. Ek Buitengaats C.V. en ZeeEnergie C.V. (GEMINI), bouwer fan wynmûneparken, hat berop oantekene.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.