Ferry de Haan oer komst Van Hooijdonk: “Het ging zeker niet zo gemakkelijk”

© Omrop Fryslân
Wite reek boppe it Abe Lensta Stadion. Sydney van Hooijdonk komt wer nei Sportklup Hearrenfean. Technysk manager Ferry de Haan praat deroer yn de SportCast.
"We zijn er zeker blij mee, maar het ging niet vanzelf", seit De Haan. "Bologna was zelf op zoek naar vervanging en daar zijn ze tot nu toe niet in geslaagd. Toen wij aangaven dat we daar niet op wilden wachten, kwam alles in een stroomversnelling", leit hy út.
Wat dêrby holp, wie dat Van Hooijdonk sels ek graach nei Hearrenfean komme woe. "Iedereen was er wel van overtuigd dat Heerenveen het beste podium voor Sydney zou zijn."

Hearrenfean wol noch in spits

Mei de komst fan Van Hooijdonk is Hearrenfean noch net klear op de transfermerk. De klup wol noch in ferdigener en in middenfjilder, mar ek noch in ekstra spits: "We willen kijken of we iemand op kunnen trainen, zodat hij er volgend seizoen kan staan."
Neffens sportferslachjouwer Roelof de Vries hat Hearrenfean it alvetal fierder aardich op 'e rit. "Mei Halilovic, Tahiri en Haye hast echt trije fuotballers op it middenfjild. Mei Van Ewijk en Köhlert sit der ek djipte en faasje yn, allinnich it ôfmeitsjen moat better."
De mantsjes fan Cambuur sieten mei de trientsjes yn de eagen te janken as se in kear in tikje krigen.
Cambuurfolger Geert van Tuinen oer de oefenwedstriid fan de Ljouwerters tsjin PEC Zwolle
Hoe oars is dat by Cambuur. De Ljouwerters spilen tsjin degradant PEC Zwolle in dramatyske wedstriid en ferlearen mei 3-1. "It wie de jonges tsjin de keardels", seit ferslachjouwer Geert van Tuinen. "De mantsjes fan Cambuur sieten mei de trientsjes yn de eagen te janken as se in kear in tikje krigen."

Henk de Jong lilk

Cambuurtrainer Henk de Jong brûkte nei ôfrin fan dy wedstriid wurden fan likense strekking. "Hy woe de spilers dúdlik meitsje dat dit net kin. It wie gewoan net goed genôch", fertelt Van Tuinen.
Neffens Van Tuinen kinne de spilers fan Cambuur ek wol better, mar is dat genôch? "Is de kwaliteit foldwaande? De supporters fan Cambuur meie bêst in bytsje ûngerêst wêze. Der moat noch wat by. It is te hoopjen dat 'Bertje' (ynvestearder Bert van den Brink, red.) noch wat byspringt."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
De SportCast mei Ferry de Haan, oer Cambuur en it EK frouljusfuotbal