Hussein Ali komt út Sweden wei oer nei sc Hearrenfean

Hussein Ali yn it shirt fan SC Hearrenfean © Orange Pictures
De komst waard al min of mear oankundige troch Ferry de Haan, mar no is it definityf. Hussein Ali is de fjirde oanwinst dizze simmer foar sportklup Hearrenfean.
Hussein Ali is 20 jier en komt oer fan it Sweedske Örebro SK. Hy degradearre ferline jier mei dy klup. Ali hat de Sweedske en de Iraakske nasjonaliteit. Hy spile yn de jeugd fan Malmö FF en kaam trije kear út foar Jong Sweden.
Dêr spile hy er mei Alex Timossi, dy't dizze simmer ek nei Hearrenfean takaam is. Ek Amin Sarr en Rami Al Hajj ken er fan Jong Sweden. Hussein Ali is nei Rami Kaib, Sarr, Timossi en Al Hajj de fiifde Sweed yn de seleksje fan Hearrenfean. Hy wurdt helle as rjochtsback en foar no foaral as stand-in foar Milan van Ewijk.
Hussein Ali nije rjochtsback foar sc Hearrenfean
Hussein Ali wie de lêste twa wiken op proef by Hearrenfean. Technysk manager Ferry de Haan sei dit yn de SportCast fan Omrop Fryslân oer Ali: "Ik vind hem wat degelijker. Hij kan zeker afstanden overbruggen, maar in mijn beleving nu nog niet op de intensiteit die Milan van Ewijk heeft. Daar moeten we aan werken met zijn allen. Maar verdedigend staat hij zeker zijn mannetje."