Oanfaller Köhlert foar trije seizoenen nei sc Hearrenfean

Mats Köhlert © Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat de de komst fan de Dútske oanfaller Mats Köhlert befêstige. Köhlert tekenet in kontrakt foar trije seizoenen by Hearrenfean.
De oanfaller komt transferfrij oer fan Willem II. Dêr spile hy yn trije seizoenen 98 wedstriden. Dêryn skoarde hy njoggen kear. Mei de Tilburgers degradearre hy ôfrûne seizoen út de earedivyzje.
Technysk manager Ferry de Haan fan Hearrenfean is bliid dat Köhlert de kommende jierren yn Fryslân fuotballet. "Met hem halen we een veelzijdige en dynamische speler in huis die op meerdere posities goed uit de voeten kan. Mats is uit het juiste hout gesneden en beschikt over de kwaliteit en mentaliteit die passen bij sc Heerenveen."
Köhlert is nei keeper Andries Noppert de twadde oanwinst fan Hearrenfean yn dizze transferperioade.