Omrop Fryslân

Hessel út Stiens helpt Oekraynske flechtlingen yn Poalen: "It is tankber wurk"

Hessel van Leeuwen
© Leo Middelsé
Dyn baan opsizze om frijwilligerswurk te dwaan foar Oekraynske flechtlingen. In moedich beslút dat net in soad minsken meitsje. Mar Hessel van Leeuwen út Stiens hat it wol dien. Nei trije moanne frijwilligerswurk wie er ôfrûne wykein wer eefkes in pear dagen thús foar in brulloft en it ynsammeljen fan guod.
Hessel sit no alwer achter it stjoer, dat út nei Poalen. Mei in buskefol guod. "In grut part giet nei Oekraïne, direkt nei de frontliny."
Trije moannen lyn reizgje er ôf nei Poalen om dêr as frijwilliger te helpen yn in flechtlingesintrum. In moaie, mar ek pittige taak. Se meitsje lange dagen.
"Wy wurkje yn trochsneed tolve oant fjirtjin oeren deis. Dat it lang, mar it is tankber wurk. Minsken binne hiel bliid dat we dit dogge", fertelt de Stienzer.
Stienzer helpt Oekraynske flechtlingen yn Poalen: "It is tankber wurk"

Jild ophelje yn Amearika

Foar húsfesting hat Hessel tegearre mei in Amerikaan dy't er okkerdeis moete, in nije organisaasje opset: The Volunteer Housing Initiative (VHI).
Se regelje ûnderkommens foar frijwilligers dy't help biede. "Wy hawwe no ien hûs dêr't tsien frijwilligers wenje", fertelt Hessel. Hy wennet der sels ek.
Der binne mear huzen nedich en dêr moat jild foar komme. "Takom moanne gean ik nei Amearika. Dêr helje we jild op om ús projekt fierder út te wreidzjen. Wy hoopje dat we mei de opbringst in pear moanne oant in jier oan hier foar in twadde hûs binnenhelje kinne."
Hessel van Leeuwen
Om it frijwilligerswurk mooglik te meitsjen, hat Van Leeuwen syn fêste baan opsein. Spyt hat er noch net. Sterker noch, hy sjocht der bot nei út om tiisdei werom te wêzen yn Poalen.
"De gaos, de minsken dêr, alle frijwilligers byinoar. It is in grutte, gekke famylje. We binne der dêr foarelkoar. Sa hâlde we de boel draaiende."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.