Omrop Fryslân

Frysk konfoai mei helpgoed nei Moldavië: "Dêr komme ek in soad flechtlingen"

47 ton ierpels, 10 ton sipels, bêden, matrassen, medisinen: in ploech minsken ûnder lieding fan twa Friezen bringt it allegear nei Oekraynske flechtlingen yn Moldavië.
Guod yn ien fan de frachtweinen
© Freerk Lautenbag
In konfoai fan ferskate frachtweinen is sneintemoarn úteinset nei it lân dat tusken Oekraïne en Roemenië leit. De reis duorret meardere dagen. Woansdei komme se oan, ferwachtet Freerk Lautenbag, ien fan de inisjatyfnimmers.
"Oant no ta giet alles goed. Oant Roemenië falt it, tink ik, ek wol ta. Ienkear dêr moatte we mar sjen hoe't it fierder giet."

Flakby Odessa

Moldavië grinzet oan de eastkant oan Oekraïne. De grutte stêden Odessa en Mykolaïv lizze relatyf tichtby.
Jeen Holwerda fan it konfoai by in tuskenstop yn Eastenryk
© Freerk Lautenbag
Lautenbag hat mei Jeen Holwerda de helpaksje opset. Se dogge it út namme fan de stichting Mensenkinderen. "Dy detasjearje faak minsken yn earmere lannen om de doarpen dêr selsfoarsjennend te meitsjen. Ik kaam yn kontakt mei Bram van Dijke fan de stichting en sei: lit ús besykje om dêr helptransporten nei ta te bringen."
Der komme ek 250.000 oant 300.000 flechtlingen nei Moldavië ta.
Freerk Lautenbag
En wêrom Moldavië? "De measte minsken gean nei Poalen ta. Dat is in EU-lân en dêr binne de dûaneformaliteiten folle makliker. Mar der komme ek 250.000 oant 300.000 flechtlingen nei Moldavië ta."

Fjouwer kombinaasjes fol

De organisaasje hie hiel wat fuotten yn 'e ierde. Mear as se tochten. "Mar mei help fan in protte minsken is der in ôfgryslik soad ynsammele. Tank oan in tal sponsoaren en oan bouboeren út Slappeterp, Brantgum en de doarpen by Jistrum en Eastermar. Sa hawwe we fjouwer komplete kombinaasjes oant it dak ta fol krigen."
It konfoai by in tuskenstop yn Eastenryk
© Freerk Lautenbag
De reis duorret noch in pear dagen. "De bestimming is Balti, de twadde stêd fan it lân. En dêrnei noch acht losse adressen yn Moldavië."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.