Ferskate aksjes om minsken yn Oekraïne te helpen: "We wolle wat dwaan"

Op ferskillende plakken yn Fryslân wurdt help organisearre foar de minsken yn Oekraïne. De famylje Nammensma yn Seisbierrum hat in ynsammelaksje foar guod en iten.
Tweintich minuten nei de oprop waard der al guod brocht:
It is drok mei minsken dy't guod bringe nei in oprop op sosjale media. Soan Willem wennet yn Oekraïne. Sa is de famylje by de oarloch belutsen. Mem Karin regelet de ynsammeling. Se is ferrast troch de drokte.

Ferlet fan hâldber iten

"It is 'onvoorstelbaar'. Tweintich minuten nei de oprop stienen de earste auto's hjir al en ik ha eins net mear binnen west. Minsken wolle graach wat dwaan", seit Karin Nammensma. Soan Willem hie der spesjaal om frege. "Der is in list fan it ministearje fan Oekraïne mei wat se nedich ha."
It giet ûnder oare om iten yn blik en drûch, hâldber iten. "Ek klean en dekbêden is ferlet fan. Der is noch in aksje om kreampakketten yn te sammeljen. En we sykje ek om kleurboekjes en potleaden foar bern."
Karin Nammensma en ien dy't guod bringt
Oant woansdei kin guod ynlevere wurde. Dan wurdt it guod sortearre. Freed giet de earste frachtwein nei Poalen, dêr't it mei auto's nei Oekraïne brocht wurdt.
Helpaksje foar Oekraïne yn Seisbierrum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De eardere deputearre en melkfeehâlder Sjoerd Galema hat de melkfeehâlderij yn Ruslân dy't er mei oaren hie, ferkocht. Hy wie ferline wike yn Moskou om de lêste saken ôf te hanneljen.

Yntimidearjend

Op it Poesjkin-plein seach Galema tongersdei tûzenen minsken. It wie net echt in protest, mar de pleatslike ME wie der wol by. De sfear wie yntimidearjend.
Wy wisten net hoegau oft we dêrwei komme moasten.
Sjoerd Galema seach op it Poesjkin-plein dat minsken oppakt waarden
Galema: "Wy hiene it net sa yn de gaten, mar yn ien kear sjochst dat allinnich rinnende lytse minsken troch twa plysjeminsken by de earms oppakt en yn in plysjebuske set wurde. We wisten net hoegau oft we dêrwei komme moasten."
Sjoerd Galama wie yn Moskou
"Poetin is hielendal gek wurden." Dat sizze de Russen ek, seit Galema. It gefaar foar Poetin sil fan binnenút komme. Dat hearde Galema fan in advokaat út Moskou, mei famylje yn Nederlân, dy't mei him yn in buske ûnderweis nei it fleanfjild wie. "De ministers en de lju om Poetin hinne wolle dit net."
Gert-Jan Segers en Yaroslava Tymts © Leo Middelsé, Wytse Vellinga

Gert-Jan Segers set him yn foar flechtlinge

"Het is een hele bijzondere situatie van iemand die al heel lang in onzekerheid leeft", sei Gert-Jan Segers oer de sitewaasje fan Yaroslava Tymts. De learlinge fan it kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert is yn 2014 flechte út Oekraïne. Se wennet yn it asylsikerssintrum en wachtet noch op in ferbliuwsfergunning.
Gert-Jan Segers
Hy hopet dat der gau dúdlikheid komt. "In de huidige omstandigheden hoop ik dat er nieuw perspectief is. Daar zullen we op aandringen." Troch de nije situaasje is Oekraïne gjin feilich lân mear. "We willen de staatssecretaris vragen om daar opnieuw naar te kijken."
Oan de iene kant wurde flechtlingen út Oekraïne opfongen yn Nederlân en dan wurde oan de oare kant minsken weromstjoerd. "Dat is een hele gekke situatie."
Yaroslava Tymts prate mear as in healoere mei Segers:
Yaroslava Tymts folget it nijs fansels op de foet "met tranen in mijn ogen. Het is te gek voor woorden wat er allemaal gebeurt. Ik vind het vreselijk voor die mensen en gelukkig zijn er organisaties als Unicef en het Rode Kruis die humanitaire hulp bieden."
Ik weet zelf hoe het is om te vluchten. Dat is verschrikkelijk. Ik wens het niemand toe.
Yaroslava Tymts
"Ik ben ook blij dat er landen zijn die mensen willen opvangen. Ik weet zelf hoe het is om te vluchten. Dat is verschrikkelijk. Ik wens het niemand toe."
Se is wiis mei de ynset fan Segers foar har saak. Hy sil Keamerfragen stelle.
Yaroslava Tymts
Carlijn Niesink © Omrop Fryslân, René Koster
Yn stedstsjerke De Wijngaard yn Ljouwert wie sneintejûn in gebedsgearkomste foar Oekraïne. "Ik was zo geraakt bij het zien van de beelden", seit inisjatyfnimmer Carlijn Niesink. "Toen kreeg ik dit idee. Ik werd onrustig, ik moest iets doen."
Carlijn Niesink
Der wienen 60 minsken by. "Er was grote betrokkenheid. De mensen wilden ook praktisch iets doen, we hebben een collecte gehouden. Er is 650 euro opgehaald en dat gaat naar lokale organisaties, naar mensen die we kennen."