East-Europakenner warskôget foar 'heechste alarmstân': "We binne militêr kânsleas"

It westen moat folle mear dwaan om Oekraïne te helpen, seit dr. Sipke de Hoop. Neffens de East-Europakenner kin de demokrasy yn hiel Europa wolris op it spul stean.
Oekraynske soldaten ferdigenje in militêre basis yn Kiev © ANP
De lêste dagen komt der fan hieltyd mear Europeeske lannen stipe yn de foarm fan wapens. "Dat soe ek wolris tiid wurde", seit De Hoop, haaddosint East-Europeeske Skiednis oan de Ryksuniversiteit Grins.
"Der binne no skerffesten en helmen ûnderweis, tsien dagen nei de belofte fan Nederlân. Se sizze dat it te krijen hat mei fergunnings. Dat is eins absurd en bespotlik."
Sneontejûn makke Definsje bekend dat der ek fyftich antytank-raketwerpers mei fjouwerhûndert raketten nei Oekraïne gean. Earder waarden al twahûndert loftdoelraketten tasein.

Noch net oer

It Oekraynske leger kin dy stipe wol brûke, omdat it oer minder materieel beskikt as de Russen. Mar in oerwinning is foar Poetin noch fier fuort, tinkt De Hoop. "Militêre saakkundigen sizze dat it Oekraynske leger it goed dien hat. Se hiene folle flugger ferslein wurde kinnen."
As de rest fan it lân trochfjochtet, wurdt it swier foar Poetin.
Sipke de Hoop
Ek hat Poetin noch net genôch militêren yn it lân. "Mei de troepen dy't er no hat, is it ûnmooglik om Oekraïne oer te nimmen. Jo kinne wol stêden feroverje en strategyske plakken reitsje, mar mei 200.000 troepen kinne jo net sa'n grut lân oernimme."
Poetin soe in marionetteregearing ynstallearje wolle: in nije presidint dy't net tsjin Ruslân yngiet. "Mar as de rest fan it lân trochfjochtet, wurdt it swier. As de moraal fan it Oekraynske leger heech bliuwt, komme jo yn in sitewaasje lykas yn Fjetnam of Afganistan."
De Oekraynske befolking fjochtet mei gewearen en molotovcocktails tsjin de Russen © ANP
En mei dy moraal liket it wol goed te sitten: yn Kiev helpt de befolking it leger, bewapene mei gewearen en molotovcocktails. De moraal koe noch wolris in swakte wêze foar it Russyske leger, seit de Hoop.
"Wêr fjochtsje dy jonges foar? Sy sjogge Oekraïners ek as Russysk folk. Se fjochtsje eins tsjin harren Slavyske bruorren."

Krúspunt foar demokrasy

De stipe oan Oekraïne is ek yn ús eigen belang, seit De Hoop. "It liket in ver-van-mijn-bed-show, mar we sitte op in krúspunt. Dit rekket de feilichheid fan hiel Europa. De demokrasy stiet op it spul."
Hy kin Moldavië sa ynpikke. En we moatte mar hoopje dat er net oan de Baltyske steaten komt.
De Hoop is bang dat Poetin noch net klear is
Want, wat Poetin wol en tinkt is dreech yn te skatten. "Guon saakkundigen sizze dat er wat losslein is, dat er troch de coronakrisis allinne noch jaknikkers om him hinne hat. Mar it is in machtspolitikus dy't altyd rasjoneel west hat."

Militêr kânsleas

Dochs kaam de Russyske presidint dizze wike ek mei driigjende taal rjochting ûnder oare Finlân. "Hy kin de stap nimme om mear yn te nimmen. Hy kin Moldavië sa ynpikke. En we moatte mar hoopje dat er net oan de Baltyske steaten komt."
Russyske troepen by de kearnreaktor fan Tsjernobyl © ANP
"Wy hawwe net de kapasiteit om him dan tsjin te hâlden. Militêr binne wy eins kânsleas", sa fynt De Hoop. It beslút fan Biden om sântûzen Amerikaanske troepen nei East-Europa te stjoeren bygelyks helpt dêr net by.
"Der is gjin ôfskrikkende militêre ynset. It is symboalpolityk nei de bûnsgenoaten", leit De Hoop út. "Der is wantrouwen om't se yn it ferline yn de steek litten binne. Hoe faak binne East-Europeeske lannen net ferret?"
Jo kinne net oan de iene kant 'huilie huilie' dwaan, mar oan de oare kant wol gas ynfiere.
Der binne mear sanksjes nedich, fynt De Hoop
It is de heechste tiid om yn te gripen, sa seit de East-Europakenner. "Wat my oanbelanget moatte jo alle ambassadeurs en offisjals nei hûs ta helje. Hy moat kompleet isolearre wurde", fynt De Hoop.
En ek ekonomysk moat der yngrepen wurde: "We moatte ophâlde syn oarlochskas te spekken. Jo kinne net oan de iene kant 'huilie huilie' dwaan, mar oan de oare kant wol gas ynfiere."
Sanksjes dogge net genôch, sa fine dizze demonstranten © ANP
De haaddosint hopet ek dat der in coalition of the willing komt mei lannen dy't it loftrom boppe Oekraïne befeiligje wolle. "It is gjin earlik gefjocht. Ruslân hat de oerhân yn de loft. As jo in no-fly-zone ynstelle kin dat enoarm helpe."
Dogge de NAVO en Europa no neat, dan kinne de gefolgen hiel grut wêze, sa seit De Hoop. "De demokrasy en de Europeeske wearden stean op it spul. It is de heechste alarmstân, as wy no neat dogge..."