Fryske tallships hoopje ynternasjonale bannen oan te heljen
De Nederlânske ynbring op de Tall Ships Races is grut dit jier. Mei sân skippen is ús lân haadleveransier.
Twa fan dy skippen hawwe har thúshaven yn Fryslân: de Wylde Swan en de Thalassa. Sy hoopje yn Denemarken de ynternasjonale bannen wer oan te heljen, en it finansjele plaatsje wer wat op te krikken.
De Wylde Swan falt yn earste ynstânsje hast net op. Se leit deun njonken it gigantyske tallship de Shabab Oman, dat mei in soad seremonieel fertoan de gasten ûnthellet. By de Friezen is de sfear gemoedlik en relaxed. Hjir gjin strakke militêre unifoarmen, mar in streepte polo. Dat docht lykwols neat ôf oan de profesjonaliteit fan it Fryske skip.
Tall Ships Races binne fan start yn it Deenske Esbjerg
Moarns betiid steane de meiwurkers alwer mei de biezems en skjinmakmiddels yn de hân om it dek en it ynterieur yn topkondysje te krijen. Want middeis komme der mear as 100 Denen oan board, dy't in koarte tocht boekt hawwe. En dan moat it skip yn de pronk wêze.
Finansjele krinten
De deitochten binne nammentlik in moaie finansjele ynstruier foar it skip, op de dagen dat se net oan it wedstriidsilen binne.
De Tall Ships Races duorje sa'n trije wiken, en fine foar it grutste part plak op see. Mar tusken de etappen troch docht de float fjouwer ferskate havens oan (Esbjerg, Harns, Antwerpen en Aalborg) en yn elke haven kinne minsken in miny-cruise boeke.
In oare manier om ekstra jild foar it sylseizoen binnen te heljen, binne spesjale middeis. Grutte bedriuwen hiere dan in skip ôf, om dêr bygelyks mei it personiel te buorreljen of in spesjale presintaasje te jaan.
Ek by de Thalassa dogge se mei oan dit soarte ekstra eveneminten. It binne de krinten yn 'e brij.
Even net allinnich op see
Al jouwe se by sawol de Wylde Swan as de Thalassa oan dat de gearwurking en it wersjen mei ynternasjonale kollega's eins wichtiger is. De crew sit gewoanwei wikenlang 'allinnich' op see en dus is der fan 'kollegiaal oerlis' net al te faak sprake. Utsein by dit soarte eveneminten.
De buorlju fan de Wylde Swan pakke de kâns dan ek mei beide hannen oan, en organisearje in spesjaal moarnsbrochje foar kollega's. Fansels mei grut seremonieel fertoan en in soad muzyk.
It is ek wêr't de Tall Ships Races eins om geane: net wa't it fluchste is, mar wa't it bêste de ynternasjonale bannen fersterkje kin. Ien - nul dus foar de manlju út Oman, mar de wedstriid is dan ek noch mar krekt úteinset.