Dit is hoe't midsiuwske katapulten as wapen brûkt waarden

De katapult © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Hoefier soe er sjitte? It liket wol oft der in mânsk martelwurktúch by it wetter fan de Grutte Wielen by Ljouwert stiet. Mar it giet om in katapult sa't de midsiuwske Friezen dy ek brûkten. It bouwurk is makke troch learlingen fan ROC De Friese Poort.
Foardat 'de blide' (sa hjit dit type slingerkatapult) oan it wurk kin, wurdt alles earst goed te plak set en perfeksjonearre. Der gean hjoed-de-dei lykwols gjin kûgels, mar meloenen yn de katapult.
Publyk en parse wurdt op feilige ôfstân fan it oarlochstúch holden. "Net te tichtby komme", warskôget opliedingsmanager Germ Boersma. Hy helpt sels ek mei om de katapult op spanning te bringen.
Dizze midsiuwske katapult yn Ljouwert lit sjen hoe't se eartiids as wapen brûkt waarden
De earste skotten einigje noch net safier. Mar nei in pear meloenen wurdt foarby de fierderop lizzende steger sketten. "We zijn tevreden", seit de 18-jierrige Jort Dekker. Hy is ien fan de learlingen fan ROC Friese Poort yn Snits dy't meiholpen hat de katapult yninoar te setten.
"Vroeger vochten ze hier oorlogen mei uit. Ze veroverden er dorpen, steden en soms wel landen mee."
De katapult is fan septimber ôf te sjen yn de útstalling 'Vrijheid, Vetes, Vagevuur: de middeleeuwen in het Noorden' yn it Fries Museum. Direkteur Kris Callens is der wiis mei: "Uiteindelijk hebben wij objecten nodig als publiekstrekker. Dit is er eentje. Hier komt veel vakmanschap samen. Bouwen met hout is de toekomst."
De test mei de meloenen liket slagge, al hat de frij krêftige noardwestewyn dy't oer de Grutte Wielen waait, gjin posityf effekt op de meloenen dy't de katapult de loft yn slingeret. "Misschien waren ze dan nog wel verder gegaan", tinkt Jort.